Weppers freed 4-2-2022

Oefenwedstriid SDS 1- WPB 1 yn byld
2 februari 2022
Sneon 5-2-2022
4 februari 2022

De nije SDS-League

Doch ek mei oan de nij SDS-League. Leverje him yn foar moarn 16.30 oere. Der lizze noch ynskriuwformulieren yn de bestjoerskeamer. Hjir is alles ek te finen.

SDS 1 oefent thús

Nije wike sneon begjint de kompetysje wer foar SDS 1 mei in útwedstriid tsjin vv Scharnegoutum 1. Moarn stiet er noch in oefenwedstriid op it programma. Twadde klasser Nijland is de tsjinstanner. Om 16.30 giet it los.
De seleksje:
Jaap
Jelte-Pieter
Erik
Remco
Wiebe
Gerbrand
Pieter
Wierd
Teun
Peter
Steven
Stan
Lourens
Wesley
Hendrik

SDS 2 frij

Foar SDS 2 is der sa gjin programma en sij oefenje ek net.

SDS 3 frij

De wedstriid fan SDS 3  is al betiid ôflast dizze wike. De leafhawwers kinne miskien noch wol bij in oar team oan de bak

SDS 4 – QVC 4

Om 14.30 nimt SDS 4 it op tsjin QVC 4. De Starumers hawwe dizze kompetysje noch mar 5 kear balle en SDS al 9 kear. Se hawwe beide 5 punten.
Seleksje:
Arjan, Jeffrey, Michael, Gerben, Jorrit (1e helft), Aiso (2e helft), Wiltsje, Leon, Jelmer P, Wifi, Lieuwe, Sietse, Kent, Bauke en Bouke F

Blauw Wit 9 – SDS 5

Om 15.45 yn Ljouwert de wedstriid Blauw Wit ’34 9 tsjin SDS 5. Dat is nûmer 3 tsjin de nûmer 1, mar der moat wol bij sein wurde dat it oantal wedstriden dat spile is yn dizze klasse farieart fan 7 oant 11.
De seleksje:
Gert Jan, Robert, Syb, Tjeerd, Dirk Yde, Kerst, Henk, Feite, Klaas, Ronny, Robin, Niels, Ewout en Syb.

Set him op

Wij binne fen fan de tekeningen fan Peter van Straten.
Meastal giet it oer relaasjes en dizze kear oer de relaasje mei de keeper.

Harsens derby (2347)

Ho…