Sneon 5-2-2022

Weppers freed 4-2-2022
4 februari 2022
Weppers woansdei 9-2-2022
9 februari 2022

6 thúswedstriden dizze sneon, wêrûnder de oefenwedstriid fan SDS 1.
De oefenwedstriid fan SDS 1 is om 16.30 oere

Hawwe jim in ferslach, in (alvetal)foto of oars wat aardichs mail it nei. Mail it nei aant@vv-sds.nl of willem@vv-sds.nl! Appe nei Aant mei ek 0655117582.

09:00 SDS JO9-1 – Scharnegoutum’70 JO9-1 9-4
09:00 SDS JO8-2 – ST IJVC/Blauwhuis JO8-1
09:45 ST SDS/Nijland JO17-1 – QVC JO17-1 gnt
10:00 SDS JO12-1 – Tzummarum JO12-1 gnt
10:00 SDS JO10-1 – Terschelling JO10-1 2-7
14:30 SDS 4 – QVC 4 4-0
16:30 SDS 1 – Nijland 1 oefen
08:45 Workum JO8-1JM – SDS JO8-1
09:00 SC Joure JO15-5 – ST SDS/Nijland JO15-2JM 2-5
09:00 SC Joure MO13-1 – ST SDS/Nijland JO13-1 3-1
09:00 Mulier JO9-1 – SDS JO9-2 9-1
10:00 SJO Warga WWS JO11-1 – SDS JO11-1 11-1
14:30 LAC Frisia 1883 JO19-2 – ST SDS Nijland JO19-1 2-1
15:45 Blauw Wit ’34 9 – SDS 5 2-2

SDS 1 oefent

Let op de middei, in hurde wyn, rein en kâld , in tsjinstanner yn it read, dat wiene de omstannichheden.
Neffens de twitterman fan Nijland wûn SDS troch twa ôfstânskotten. Nijland joech ferskillende spilers rêst, se hiene tongersdei ek al oefene.

Henk Bootsma wie der wol en makke dizze foto’s

Dit liket de 1-0…….

Dit liket de 2-0

Dit liket net allinne Huitema, dit is Jouke Huitema

De oare foto’s kinne jim hjir sjen

Striidend SDS 4 lit QVC beve

It fjirde fan SDS mocht it hjoed opnimme tsjin de mannen fan QVC. Beide ploegen hieden tot no ta 5 punten. It waaide hurd op sportpark de Skoalleseize.
Dit hie dan ek wol infloed op it kiezen fan de kant.
SDS balle de eerste helte tsjin de wyn yn. It gong gelyk op en echt grutte kansen kamen er net echt fan. Bouke Fopma loste t eerste skot op goal.. “it skeelde maar in olifant” waard er sein langs de kant.

Ien fan de kânsen yn de earste helte. Gjin doelpunt

SDS balle goed en wie fel op de bal, Jelle de Boer hie it er dan ek drok mei. 0-0 wie de ruststand en dat sei ek genoch oer t spul.

Fol goeie moed begong SDS oan de 2e helte. Dit pakte goed ut, nei 5 minuten tekene Jelmer Posthumus foar de 1-0. SDS waard better en better en toen gong it hurd, binnen 2 minuten skoarde Wessel Schraa de 2-0 en de 3-0. SDS kaam er in pear keer rap ut en dit resulteerde yn meerdere grutte kansen, helaas waarden er 2 goals ofkeurt.

In grutte kâns, mar giet er der ek yn. Klik op de foto

In grutte kâns, giet er der yn,…klik op foto

 

De 4-0 foel in pear minuten foar tiid troch oanfierder Wiltsje en de wedstriid wie spile. In compliment oan de mannen, we ha genoten. In goed wykein!

Halbe

SDS 5 spilet gelyk

SDS 5 hat yn Ljouwert in puntsje pakt by Blauw-Wit mei 2-2 . Twa doelpunten wiene fan Dirk-Yde.

SDS JO11-1

SDS JO11-1 moast fuotbalje yn Wergea. Oer it rissultaat melde wij neat, mar it fermaak nei ôfrin wie grut.

SDS JO9-1 – Scharnegoutum’70 JO9-1

SDS JO 9-1 helle in moaie 9-4 oerwinning.  Mei de Eastereinder toer op de eftergrûn mochten se op de foto mei harren trainer Luka van der Weg.

SDS JO 9-2

Juster een leuk potsie foutbal sjoen in Witmarsum fan Jo 9-2 tsjin Mulier Jo 9-1. Een wedstried mei twa totaal verskillende helften.
De eerste helte like ’t wol of hiene se mekoer 6 wiken net sjoen😉. Vergaderen, praten, omhingje en Mulier stie mei rust (terecht) mei 3-0 foar. In de rust een pear “puntsies op de i” setten, ek dat moatte we mei sien allen leren. Twade helft een hiel oar sds, fel op de bal en ’t waar een leuke wedstried wer beide ploegjes nog 1 x scoorde. Us goal waar’t scoord troch “verdediger” Sven en hij fierde dat of scoorde hij de winnende in de champion League. Prachtig, wat een beleving en wat mooi om te sjen. Verliezen en dan sa een goal fiere, geweldig, mei de teamspirit sit t bij disse ploeg wol goed. Elke sneon wer machtig om mei se fourt te gean. Toppers.

Boudewijn

Giganten tsjin arroganten

11 man kamen der opdraven foar al wer in edysje fan it Efkes Baljen op freedtejûn.
It waard de wedstriid fan de Giganten tsjin de Arroganten of wie it de Arroganten tsjin de Giganten?

Fêst stiet dat de Giganten it grutste part fan de earste wedstriid oppermachtich wiene.
Se waarden dan wol 65 plussers neamd, troch de jongste fan it stel, mar dat joech allinne mar mear motivaasje om de iene nei de oare moaie oantal of útfal om te setten yn prachtige doelpunten. It wie smullen bij de Giganten.
Mei noch in goed kertier op de klok, skatten se de saak alhiel ferkeard yn.
It oanbieden fan ien fan harren spilers (seker net de minste), om it nei 12-6 noch wat spannend te meitsjen, waard troch de tsjinpartij arrogant fuort wuifd. De arroganten soene it it mei harren fiven sels wol oprêde.
Gewoan mei 0-0 begjinne en wij sille it sjen litte, wie harren útstrieling.
Twadde partij fan in kertier waard ynienen in spannende oangelegenheid.
De 6 Giganten moasten harren arrogante oanbod belije en liken tsjin de ” 5 nije” giganten ûnderút te gean.
It waard yn de alderlêste sekonde noch 3-3.

De meast arrogante ôfwizer waard no de grutste gigant. Hij skoarde yn de spannende finale it winnende doelpunt en mocht him jûns besatte oan oerwinningsdrankjes
Arroganten letter Giganten: Frank, Stan, Kerst, Pieter en opperarrogigant Harrie
Giganten letter Arroganten: Wouter, Johan, Sipke, Menno, Ferrie en Aant