Oefenwedstriid SDS 1- WPB 1 yn byld

Weppers woansdei 2-2-2022
2 februari 2022
Weppers freed 4-2-2022
4 februari 2022

Tiisdeitejûn oefene SDS 1 thús tsjin WPB 1.
SDS 1 hie yn de earste helte in oantal prima oanfallen mar foar it doel is der gjin ôfmakker.
Krekt net of krekt op it ferkearde plak of krekt te let. Sis it mar.
De skiedsrjochter moast it koart hâlde want der wiene pittige duels.
Nei in heal oere mochten de teams sels efkes nei de klaaiboks om de hite hollen wat ôf te kuoljen.

Krekt foar de ein fan de earste helte kaam WPB op 0-1.
Yn de twadde helte frijwol gjin wapenfeit fan SDS 1.
Einstân 0-1.
Henk Bootsma klomme oan de kant mar makke wol foto’s