Weppers freed 4-11

Seleksjes sneon 5-11
4 november 2016
Sneon 5-11
4 november 2016

Heal stok

Y.f.m. it ferstjerren fan ‘e wike fan ús âld-bestjoerslid en lid fan fertsjinste Hendrik Boersma hingje de flaggen by SDS moarn heal stok.
Dizze rouadvertinsje stie hjoed yn de Ljouwerter Krante:
rouadvertinsje-hendrik-boersma

WPB 1- SDS 1

Kommende sneon de ienige streekderbij foar SDS 1.  WPB 1 is de tsjinstanner op it Schuttersfjild yn Snits. VoetbalNederland hat wer in kreas oersicht makke fan beide pleogen en dat is hjir te lêzen. Yn it ferline wiene it hast altyd doelpuntrike wedstriden en sjoen it feit dat beide pleogen punten nedich ha, ferwachtsje wij dan ek twa ploegen dy’t folop op de oanfal fuotbalje en doelpunten bliuwe dan meast net út..

Stefan – Marco

It is moarn yn Snits foaral ek in bruorrenstriid fan de Rijpkema’s. In grappich foarútsjoch op de side fan WPB

Thús- en útwedstriden

Moarn wer in folslein programma. Opfallend is dat der mar 6 thúswedstriden en 14 útwedstriden binne.  Wij binne benijd wa at de measten punten binnenhelje: ‘ut”of “thús” mei de wittenskip dat thúswedstriden folle “makliker” binne as útwedstriden.
Dus in wedstriidsje fan 14 * út tsjin 6 * thús…  Dat moat in makkie wurde foar út.

Nije sjurtstiper?

Foar JO-19-1 is de sponserkommisje noch op syk nei in nije sjurtstiper. In hockeyklup út Rotterdam probeare op dizze manier oan in nije sjurtstiper te kommen. Miskien ek wat foar JO-19-1?
De jongens gingen uit de kleren om de aandacht van potentiële sponsors te trekken.

Efkes Balje

Ek jûn wer om 19.30 it Efkes Baljen spektakel…

Gnt

JO 17-2 soe moarn om 13.15 fuotbalje yn Easterein. Der binne te min spilers. It giet net troch.

Champions-Leaguegedrocht

De UEFA hat it no eindelijk klear yn de Champions League. Allinnich noch mar klups út de ‘grutte’ fuotballannen. De Toto wurdt der net dreger fan:

Harsens derby (1786)

En no kappe!