Sneon 5-11

Weppers freed 4-11
4 november 2016
Weppers snein 6-11
6 november 2016

It programma fan sneon kinne jim hjir sjen.  Ek de útslaggen fan de spile wedstriden kinne jim dêr yn de rin fan de dei en moarn fine. Binne der wedstriidferslagen, dan komme dy ek hjir. Mei oare wurden: alles wat mei de wedstriden op sneon  (en in bytsje op freed) te meitsjen hat, komt op dizze bledside. Leuke en nijsgjirrige saken, wedstriidferslagen en in fotootsje kinne maild wurde nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl.

utsl5-11

 

WPB 1 – SDS 1

“Hurd wurkje efter de feiten oan”dat wie it kredo foar SDS nei 9 minuten fuotbalje. Want doe wie it al 2-0 foar de Boys út Snits. It sit efkes net mei want nim no sa’n earste doelpunt: in prachtich skot fan ôfstân yn de linker boppehoeke, dy’t ienris yn de safolle jier te sjen is op it Schuttersveld.  En dan komt er gelyk it twadde doelpunt efteroan. It  wie skrikken. Pas nei 30 minuten fuotbaljen herfûn SDS sich. Der kaam wat mear druk nei foaren en der kamen mooglikheden. Mei help fan ferdiigjend geknungel fan WPB kaam SDS sels werom yn de wedstriid troch in kreas doelpunt fan Jelmer Posthumus.
2-1 wie de rêststân. De bui yn en krekt nei it skoft makke it fjild op bepaalde plakken leadswier, wylst SDS besykje moast gelyk te kommen. De skiedsrjochter makke it der net makliker op foar SDS. Hij joech Jelmer Posthumus syn twadde giele kaart fanwege in heech opstutsen foet. Dat hij dêr razend oer wie, wie te begripen, omdat  de WPB spiler de foet like heech hie.

Mei 10 man wie SDS noch altyd net de mindere ploech. Grutte kânsen wiene der seker mar it siet net mei. Ek in WPB spiler krige syn twadde giele kaart (ek wol wat in gau lutsen kaart) dus wie it 10 tsjin 10.

It ultime dreamsenario foar SDS en de prima spyljende Marco Rijpkema kaam hast út. Yn frije posysje foar it doel fan broer Stefan kopte hij krekt neist….  It bleau 2-1 en dêrmei krige SDS in puntsje te min want wat WPB yn de twadde helte sjen litten hat wie net sa best.

Nije wike sneon komt NOK 1 nei Easterein. It sil dochs ek in kear meisitte…..

Leeuwarder Zwaluwen JO15-1 – SDS JO15-1     1-1

Der stie juster al in lyts stikje op side dat dit wol in krease utslach like, en eltsenien benijd wie en at de mannen fanof it begjin no wol wekker wiene. It antwurd is op it earste diel is JA, it antwurd op it twadde diel is NEE. Mar 9.00 oere balje is fansels ek wol hiel betiid. In pear fan us stiene  yn it fjild noch te gapjen en wriuwden de sliep noch ut de eagen, wielst de thusploech de sliep wol ut hie. It duorre dan ek mar 20 sekonden en we stiene al wer op efterstan. De Sweltsjes ut Ljouwert balje at it in lust is en wy steane der op in pear meter ofstan nei de sjen, sawol efterien, op it middenfjild mar ek foaryn.              De Sweltsjes krije in pear beste kansen, mar lykas de leste wiken stiet Jeffrey wer prima te keepen. Geande wei de earste helte krije we dochs wat mear grip op de tsjinstander en kinne we der in pear kear gefaarlik utkomme. Spitich genoch untbrekt it oan skerpte foaryn. We geane dan ek mei in 1 – 0 efterstan de rest yn. De twadde helte stiet it better. Al hiel gau meitsje we de lykmakker (Stan). Efterien wurd der net folle mear fuort joen en mei 4 man krije we ek it middenfjild yn hannen. Betiiden prachtige oanfallen wurde op de matte lein en der unstiene ek hiele grutte kansen. Mar spitich genoch wurden dizze net fersulvere. In pear kear wie de hiele beste nummer 10 fan de Sweltsjes noch gefaarlik mei individuele akjes. Mar efterien diene we gjin gekke dingen mear, sadat we it punt fry makkelik oer de streep lutsen. Oer de hiele wedstriid sjoen wie it lykspul in terjochte utslach. Mar op basis fan de twadde helte hie der noch wol wat mear ynsitten miskien. Al mei al wie it fanof de kant in tige spannende, mar prachtige pot fuotbal om te sjen. Dochs wer in hiele beste teamprestaasje. Om ta goeie resultaten te bliuwe kommen, moatte we it mei syn allen dwaan. Hjirbei is eltsenien, fan de nummer 1 oant en mei de nummer 14, lyke belangryk !!!!!!!!
Nye wike thus tsjin alwer in Ljouwerter ploeg, te witten Frisia.
Theo.

Oudehaske 4 – SDS 4       6-0

Wij kinne gjin doelpuntenmakkers melde, want SDS ferlear oan de einstân te sjen kânsleas. Of sit it miskien oars?

Ljouwerter Sweltsjes JO15-1 – SDS JO15-1 : 1 – 1

Der stie juster al in lyts stikje op side dat dit wol in krease utslach like, en eltsenien beneid wie en at de mannen fanof it begjin no wol wekker wiene. It antwurd is op it earste diel is JA, it antwurd op it twadde diel is NEE. Mar 9.00 oere balje is fansels ek wol hiel betiid.

In pear fan us stiene yn it fjild noch te gapjen en wriuwden de sliep noch ut de eagen, wielst de thusploech de sliep wol ut hie. It duorre dan ek mar 20 sekonden en we stiene al wer op efterstan. De Sweltsjes ut Ljouwert balje at it in lust is en wy steane der op in pear meter ofstan nei de sjen, sawol efterien, op it middenfjild mar ek foaryn. De Sweltsjes krije in pear beste kansen, mar lykas de leste wiken stiet Jeffrey wer prima te keepen. Geande wei de earste helte krije we dochs wat mear grip op de tsjinstander en kinne we der in pear kear gefaarlik utkomme. Spitich genoch untbrekt it oan skerpte foaryn. We geane dan ek mei in 1 – 0 efterstan de rest yn.

De twadde helte stiet it better. Al hiel gau meitsje we de lykmakker (Stan). Efterien wurd der net folle mear fuort joen en mei 4 man krije we ek it middenfjild yn hannen. Betiiden prachtige oanfallen wurde op de matte lein en der unstiene ek hiele grutte kansen. Mar spitich genoch wurden dizze net fersulvere. In pear kear wie de hiele beste nummer 10 fan de Sweltsjes noch gefaarlik mei individuele akjes. Mar efterien diene we gjin gekke dingen mear, sadat we it punt fry makkelik oer de streep lutsen. Oer de hiele wedstriid sjoen wie it lykspul in terjochte utslach. Mar op basis fan de twadde helte hie der noch wol wat mear ynsitten miskien. Al mei al wie it fanof de kant in tige spannende, mar prachtige pot fuotbal om te sjen. Dochs wer in hiele beste teamprestaasje. Om ta goeie resultaten te bliuwe kommen, moatte we it mei syn allen dwaan. Hjirbei is eltsenien, fan de nummer 1 oant en mei de nummer 14, lyke belangryk !!!!!!!! Nye wike thus tsjin alwer in Ljouwerter ploeg, te witten Frisia.

Frisia MO15- 2 – SDS MO15-2

Een wedstrijd spelen in de middag in plaats van ’s ochtends, dat was even wennen voor de meiden! Iedereen kon lekker uitslapen en goed uitgerust vertrokken de meiden naar Leeuwarden. In de eerste helft ging SDS er vol tegen aan en dat resulteerde na 5 minuten al in de eerste goal voor SDS. Via het been van een verdediger van Frisia ging een schot van Silke de goal in. Tien minuten later was het Nynke die de weg naar de goal vond en de meiden van SDS gingen met een verdiende voorsprong van 0-2 de rust in.
Na de rust was het beeld van de wedstrijd heel anders. Het leek wel of er iets in de limonade had gezeten, want Frisia speelde een stuk beter en SDS speelde (volgens leider Bauke) “boerenkool-voetbal”. Na een kwartier in de tweede helft had Frisia de stand rechtgetrokken en stond het 2-2. Het spel van Frisia werd steeds fysieker en de meiden van SDS werden regelmatig onderuit gehaald. Gelukkig wisten ze hun hoofd koel te houden, maar ze konden niet voorkomen dat Frisia nog een keer scoorde: 3-2. Een nederlaag die op basis van de eerste helft niet verdiend was, maar op basis van de tweede helft misschien wel terecht was.

Groet,
Aukje Schellens
(regelmiep)

SDS JO13-3 – Workum JO13-3d

jo13-3-2016

Donkere wolken yn ‘e fierte, mar yn de sinne helle SDS in kreaze 2-1 oerwinning

 

SDS JO 11-3

jo11-3

Dit kaam faak foar yn Littens: ôftraapje

Mei topcoach Minne Bouma helle JO 11-3 in rynske oerwinning, It waard mar leafst 1-14 tsjin Oosterlittens JO11-3.

SDS JO9-1 winnen ruim van Blauw Wit.

Het is 06.45 uur dat de wekker gaat want 07.30 uur vertrekken naar sportcomplex Wiarda om daar op een belachelijke tijd van 08.30 uur te voetballen tegen Blauw Wit! Eenmaal de warming up in dichte mist stonden sommige hun slaap uit de oogjes nog te wrijven. De tos verloren we naar gelukkig de wedstrijd niet het werd 0-8 toen de scheidsrechter het prima vond. Dat de uitslag niet hoger was kwam omdat The Boys niet scherp waren in een hoop situaties voor de goal. Oorzaak vroege aanvangstijd? Het waren Wiebren 4x , Henk Jan 2x ,Daniël 1x en Sibrand 1x die scoorden. The Boys vroegen om een cijfer van de coach nou ik geef jullie een 8. En als rinske zegt ik trakteer bij minimaal 0-6 en de 0 word gehouden. Dan houdt ze zich daar ook aan en het bleef nog lang onrustig in de kantine die ze opeens naar huis stuurde want het was bijna sluitingstijd. Groetjes jullie coach/trainer foppe (Dennis)

Efkes Balje

In ferfelend inkel en in lestige knibbel sieten sommige Efkes Ballers yn it paad, mar de opkomst mei 13 man wie wer prima. No ja, der wie fansels wol ien te min……
Yn de grutte partij wie de partij 7 tsjin 6 net hielendal yn lykwicht. Ploech 6 setten moaie oanfallen op, skoarden ek wol sa no en dan mar ploechje 7 hie krekt dat mantsje oer dat mooglik it ferskil makke. Dat der úteinlik 10-7 op it net bijholden skoareboerd kaam, wie dan ek in goeie ôfspegeling fan de krêftsferhâldingen.
De “healweinjoggenoerepartij” waard spile mei 6 tsjin 6. Doe koe it alle kanten op. Ploech 6 naam mei de earste de beste oanfal brutaal de lieding en strielden iets út fan “kom no mar op” en “wij sille jim ris in rubberbaltsje rûke litte”.
Ploech 7-/-1 moast alle silen bijsette om de gelykmakker te meitsjen. Spannend wie it en bleau it oant in hierskerpe kounter fan ploechje 6 mei Folkert Rients as ôfronder in ein makke oan dizze edysje dy’t neffens Buienradar ferreind wurde soe, mar yn de boeken as droech komt te stean..
Foarôf waard noch efkes sprutsen oer it ferfolch fan it Efkes Baljen en dêr sil fannewike noch wol efkes oer praat wurde om ta goeie ôfspraken te kommen.
Ploech 6: Folkert Rients, Menno, Wouter, Harry, Pieter V, Syb
Ploech 7: Ferrie, Sipke, Chiel, Frank, Aant, Pieter deB, Foeke Dirk
Aant