Weppers freed 4-10

SDS League: Martijn & Dirk pakke wykpriis!
3 oktober 2013
Seleksjes senioren en A’s
3 oktober 2013

Programma sneon
It programma fan kommende sneon kinne jim
hjir sjen.
Yn welke boks eltsenien sit kinne jim
hjir sjen en noch wichtiger is fansels degene dy ’t fluitet.

A1
Wij ha begrutsjen mei A1. De earste wedstriid waard wûn mei in stik as 13-0 of sa. De twadde gie net troch, de tredde ek net en no giet 13-0 oerwinning der ek noch ôf omdat de tsjinstanner der mei ophâldt.
De A’s steane op 0 0 0 0 0 0. Wij hope fan herte dat de jonges fan GAVC A2 it sneon net sitte ôfwitte litte.

Efkes Balje
Ferline wike mar leafst 14 man op it Efkes Baljen. Benijd hoe’t it hjoed wer komt. Om 19.30 yn Easterein op it trainingsfjild fan SDS wat der gâns better útsjocht as it haadfjild fan Ado Den Haag.

Programma sneon
Aardich wat wedstriden sneon, wij hoopten op in wykein sûnder g.n.t., mar troch tryste omstannichheden bij Zeerobben kin SDS B1 net balje. Wij hoopje dat de rest troch giet.

Ofkoartingen
Wij as wepmasters hawwe it mier oan klups mei lange en foaral ûndúdlike nammen. No sjogge wij wer stean dat SDS E1 fuotbalje moat tsjin SJO RVC E1. It is mar goed dat Google it wit….

Donker
Ek yn de SDS-kantine wie de stroom der juster ôf. No, ja, de tillevysje stie net oan. Foar de rest hie Willem Twijnstra der foar soarge dat net ien muork dat de stroom derôf wie. Sels de fleskes bleaunen kâld.


Harsens derby(1125)
Anne Stenekes hie justerjûn in ferhaal oer Gheorge Hagi. Hagi hie yn in feteranenwedstryd wol sa ’n moaie goal makke. Dy moast hjoed op de webside. Anne sil hjoed nei Specsavers en wy sette it filmke op de webside…………