SDS League: Martijn & Dirk pakke wykpriis!

Weppers tongersdei 3-10
2 oktober 2013
Weppers freed 4-10
3 oktober 2013

Al wiken sjogge wy Sjoerd van Beem al net mear op Sportpark de Skoalleseize. Neffens hearen en sizzen soe hy oan it Iepenloftspul yn Jorwert meidwaan en dêrtroch net fuotbalje kinne. Wy hawwe in hiel oar each op dizze saak. Sjoerd hat him wiken net sjen litten om him folledich yn te setten foar de SDS League. Dit docht fertúten. Hy stiet no allinnich boppe-oan mei “FC Don’t Hassel the Hoff!”. Wat ús oanbelanget dus wer heech tiid om de keeperswanten wer te pakken!

“FC Supersubs”(Dirk de Jong) en “Be Right Back(Martijn Rispens) pakke dizze wike mei beide 57 punten de wykpriis. Foar Martijn komt dit moai út, want yn Australië hawwe je foar €6,25 dochs al gau wat iten…

…… foar in brot parkyten…….

Dirk de Jong hat de flagge út foar syn wykpriis.

No ’t der him diele moat hinget der dochs net healstok wol?

Hoe better as it mei Anne Stenekes syn fuotbaljen giet hoe minder it mei syn team yn de SDS League giet. Foarige wike mei SDS 2 ûnderút tsjin Makkum en in moai 4e plakje yn de SDS League is hielendal fergetten nei de winst op Be Quick Dokkum………… “Anne Steen op nr. 1” sakket as in bakstien nei nûmer 26.

“Nije kânsen foar Aant en Willem” fan Dooitze Nauta hat de helte fan syn doel op dit momint helle. Hy is de wepmaster mei koart hier foarby. De wepmaster sûnder bril hat hy yn it fizier. Dizze stiet noch mar op ien punt.

Ek dizze wike is der dus wer in bult feroare yn de stân, útsein dat Ralph Wariman mei “Don’t Wari” noch altiten ûnderoan stiet en “Keessie Kwakman”(Kees Adema) syn “grutste” konkurrint is om de reade lantearn.


Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 3.