Weppers freed 31-3

Weppers tongersdei 30-3
30 maart 2017
Harm Bergsma ferstoarn
31 maart 2017

Healstok

Om ’t Harm Bergsma ferstoarn is sille moarn by SDS de flaggen healstok hingje.

De drop is der!


Deze twee sterke jongens (Herman en Daniel) hebben mij vanmiddag geholpen om 2 van zulke grote karren met drop van de Jumbo naar ons huis te brengen.
Daarna alles gesorteerd! Jammer genoeg komen we 17 dozen tekort.. We hopen dat deze zaterdag nog komen. Want we willen natuurlijk volgende
week alle drop verkopen!!

Rinske

SDS VR 2

SDS VR 2 (7-tal) spilet hjoed wer harren “freedtejûn” wedstriden tsjin sc Bolsward, Black Boys en sc Joure. Dizze kear fynt it plak yn Boalsert.

Efkes Balje

Ek op freed kinne de Efkes Ballers wer los. 19.30 yn Easterein.

Seleksje SDS 1

SDS 1 hat sneon wer in thúswedstriid. De nûmer twa fan de kompetysje en de winner fan de twadde periode DeWitePeal (DWP) komt nei Easterein.  Om 14.30 giet it los en de seleksje sjocht der sa út:

Bauke, Erik, Jacob Klaas, Teun, Remco, Tsjipke, Lourens,Jelmer, Marco, Jaap, Elger, Ewout, Martijn en Frank

Wedstriidsponsers


Foar de wedstriid fan SDS binne ek wer twa wedstriidsponsers. Dat binne Dutsen.nl en Restaurant Partycentrum Noflik Easterein.

Alles oer SDS 1 en DWP 1

Hjir kinne jim alles wer lêze oer DWP en SDS. Sa as it oantal doelpunten fan de twa topskoarders yn de tredde klasse A,  dat Feiko,  Jelmer , Dirk, Robert  en Douwe Dirk  de lêste 5 doelpuntenmakkers foar SDS wiene tsjin DWP en dat wij in útslach lykas yn 1972 wol sitten sjogge.

Seleksje SDS 2

SDS 2 giet om 15.00 oere de striid oan mei Heerenveense Boys 3. Sy fertrekke om 13.20 oere út Easterein. De seleksje dy’t it dwaan moat:  Hendrik, Marten, Feite, Pieter, Stefan. Jurjen, Anne, Bote, Jort, Pieter de V, Tjeerd, Ralph en Willem.
Riders: Boudewijn, Willem, Stefan en Pieter de V.

Seleksje SDS 3

SDS 3 hat hast in thúswedstriid en dêrom ideaal foar in fytstochtje (11.30 fuort) . Sij moatte nei Skearnegoutum (auto 11.45 fuort) om it twadde dêr te ferslaan. Fanôf 12.40 te bewûnderjen yn Skearnegoutum de folgjende seleksje: Harm Auke, Tjeerd, Anco, Auke, Gert Jan, Jan Simon, Henk, Peter, Robert, Ype, Jeroen, Klaas en Daan Boersma (flagger).

Seleksje SDS 4

Om 14.30 is der neist SDS 1 noch in thúswedstriid. SDS 4 ûntfangt SWZ BOSO Sneek 2.
De seleksje, dy’t er om 13.40 wêze moat: Ids, Remon, Steffen, Jelmer,Rick, Klaas Bouke, Rick, Gert Jan, Igor, Doede Douwe,Thomas, Ruun, Eeltje, Martijn en Jorrit.

Hoogerwerfjes


Yn de LC fan hjoed in nijsgjirrich ferhaal fan Peter en Martijn Hoogerwerf skreaun troch âld-SDS’er Krist Stoelwinder. Jim kinne it ferhaal hjir lêze.

Harsens derby (1862)

Harsens derby ynderdaad!