Harm Bergsma ferstoarn

Weppers freed 31-3
31 maart 2017
Sneon 1 april
31 maart 2017

Tiisdei 28 maart is Harm Bergsma fan Easterein ferstoarn. Harm is 78 jier âld wurden.

Op de roukaart fan de famylje stiet dat “nei alle moaie jierren dy’t wij mei him belibje mochten, moatte wij misse in leave man, in soarchsume heit en fleurige pake”.

Moaie wurden binne dat en yn syn dwaan en litten bij SDS sjogge wij dat ek werom. In belutsen klupman dy’t graach wat dwaan mocht en dat mei grutte soarch die en net ûnbelangryk, hij die it mei nocht en wille.

Us tinzen gean út nei de famylje en wij winskje frou, bern en pakesizzers sterkte ta mei dit grutte ferlies.

De flaggen sille by SDS moarn dan ek healstok hingje.

Wij sjogge efkes werom sa’t wij Harm Bergsma as belutsen SDS-er meimakke ha.

 

 

Harm Bergsma as lieder fan SDS 2

Harm Bergsma mei de nûmers fan it âlde skoareboerd

 

Harm Bergsma, dy’t de flagge strykt

Gewoan Harm…fleurich

Harm Bergsma yn de prizen as klaverjasser

Harm Bergsma, jierrenlang soarge hij alle wiken foar de linen

Harm Bergsma, ek at de wedstriid al oan de gong wie en it him net nei de sin wie dan kalke hij dochs noch efkes.

Harm Bergsma, ek yn de tredde helte hast altyd presint

 

 

Harm Bergsma as fêste supporter bij SDS 1, meast mei Enno Bruinsma op paad.

 

 

 

 

 

Harm Bergsma wie de man fan de super gehakballen

 

En oer dy gehaktbollen fan Harm Bergsma is yn 2011 ek al ris wat oer skreaun troch ien fan de wepmasters.

http://datfynik.blogspot.nl/2011/03/gehakbollen.html