Weppers freed 31-1-2020

Enno Bruinsma, in SDS-er yn ieren en sinnen
31 januari 2020
Sneon 1 febrewaris 2020
31 januari 2020

Erefoarsitter Enno Bruinsma is stoarn……

Fannewike is de erefoarsitter fan vv SDS, Enno Bruinsma, nei in siikbêd ferstoarn. Enno Bruinsma wie in SDS’er fan it earste oere en hat him syn hiele libben foar SDS en Easterein ynsetten.
Moarn sille de flaggen by SDS heal stok hingje, sil SDS 1 mei roubannen spylje en is der foar de wedstriid SDS 1 – Oeverzwaluwen 1 minút stilte.
Wy sille him misse!

SDS 1 tsjin de beantsjes út Koudum (thús 14.30 oere)

Moarn begjint de twadde helte fan de kompetysje echt. SDS hat alle ploegen ien kear hân en se begjinne wer bij de ploech dy’t yn de earste wedstriid harren tsjinstanner wie. Yn Koudym waard it 1-4. Koach Douwe sil syn opstelling kieze út dizze seleksje: 1 Jaap©, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Gerwin, 5 Remco, 6 Pieter, 7 Peter, 8 Wiebe, 9 Hendrik, 10 Matthijs, 11 Lourens, 12 Jacob-Klaas, 13 Jelte-Pieter en 14 Stan.
Sy wurde om 13.15 oere yn de kantine ferwachte.

Gjin SDS VR 1 tsjin de tobbedûnseressen fan Zeerobben VR1 (thús 16.45 oere)

In ljochtwedstriid op de ein fan de middei. In risikofolle tiid soene je it ek neame kinne. SDS VR1 hie noch gjin seleksje gearstald want de Zeemokkels hiene al ôfsein.

SDS 2 tsjin de keallebouten fan Minnertsga 2 (thús 12.00 oere)

SDS 2 mei iterstiid fuotbalje. Dat sil de ferslachjouwer Jan Los neat útmeitsje. Tusken alle oantekens dy’t hij makket kin hij sa no en dan wol in hapke ite. Koach Okke sil in kar meitsje út dizze 14:
Sjoerd W, Bauke, Habtamu, Arjen, Dirk, Ewout, Jesse, Jort, Jurjen, Lieuwe, Niels, Robin, Sjoerd de V en Wesley.

SDS 3 tsjin de kypmantsjes fan YVC  2 (út om 12.30 oere)

Bij SDS 3 sille se wol sizze, dit is wol hiel faak fuotbalje. Twa wiken efterelkoar binne se hast net wend. No gean se nei Drylts om tsjin YVC 2 te baljen. Koach Boudewijn hat de opstelling al yn de holle en hij kiest út dizze 14:
Hendrik (c) Haye-Jan, Jelmer, Kees, Mark, marten, Pieter, Piter, Sjoerd, Yward, Jildert, Inne, tjeerd, Elger, Steven. Chauffeurs : Boudewijn, Jelmer, Kees, Marten, Hendrik.
11.00 oere bakkie, 11.15 fertrek. Flagger?

SDS 4 noch net nei Bakhuizen…..

De measte spilers fan SDS 4 sitte blykber noch yn de wintersliep… Sy hawwe sneon te min minsken. De wedstriid wurdt no spile om sneon 21 maart.

SDS 5 tsjin de dúmkefretters fan ONS 5 (thús 14.30 oere)

Der is bij SDS 5 altiten hoop dat in wedstriid troch giet. Tsjin lytse klups jout is wol gauris problemen om genôch minsken yn it fjild te krijen. Gelokkich meie se no tsjin in grutte klup en neffens ûndersyk ek noch de beste klup fan Fryslân. Dy soargje wol dat der genôch minksne nei Easterein stjoerd wurde. Dizze spilers moatte it dwaan:
Gert Jan, Auke, Dirk-Yde, Harm D, Harm S, Doede D, Feite, Jentsje, Pieter L, Robert, Ronny, Syb, Tjipke, Wichard, Willem en …..Daan as assistent skiedsrjochter.

De 45+’ers nei it OFK 45+

Moarn is ek it Iepen Sealfuotbalkampioenskip foar 45+ yn Frjentsjer. De seleksje bestiet no út: Frans Stap, Tjeerd Dijkstra, Theo Postma, Jacob-Jan Oostra, Ids Boersma, Klaas van der Weg, Anco Elgersma, Johan Heerma en Folkert-Rients Vellinga. De mannen hawwe de earste wedstriid om 19.30 oere tsjin Be Quick Dokkum, dus sy fertrekke om 18.30 oere. Dan om 19.54 oere de twadde wedstriid tsjin Heeg, de 3e tsjin Lvv Friesland om 20.30 oere en de 4e tsjin Ropta boys om 20.54 oere. De wedstriden duorje 12 minuten. Dêrnei de kwartfinale, de heale finale en de finale.
SDS is mei 9 man. Op in 4+5-toernoai moat dat genôch wêze tochten wy sa. 😉

 

Letter miskien noch wol mear!