Weppers freed 30-7

Weppers tongersdei 29-7
29 juli 2010
Weppers sneon 31-7
31 juli 2010

Dirk-Yde nije leider SDS 1
Ús ûnbetroubere bron fan ‘e wike hie dochs gelyk. Dirk-Yde Sjaarda wurdt ynderdaad de nije leider fan SDS 1 no ’t hy troch in blessure earst net fuotbalje kin. Dirk-Yde kaam sels mei de ferlossende wurden:
It kloppet idd, foar ûnbepaalde tiid sil ik it liederskip op my nimme fan SDS 1.

Trainingsdei SDS 1
Sneon start foar de A-seleksje de tarieding op it fuotbalseizoen mei in trainingsdei. It programma foar dizze dei sjocht der sa út:
• 10.00 oere: oanwêzich
• 10.30 oere: training
• 12.30 oere: lunch yn de kantine
• 13.45 oere: training
By ferhindering graach ôfmelde by Jaap de Blaauw. Syn tillefoan-nûmer stiet ferkeard op it briefke dy’t elts A-seleksjelid thús krigen hat! Dit is it goede nûmer om him te berikken: 06-53312306.
Út namme fan de gehiele lieding fan SDS 1,

Dirk-Yde

Noch ien minder
SDS 1 sil yn de tarieding op it nije seizoen al wat spilers misse moatte. Jim koenen hjir earder alris lêze dat Dirk-Yde(blesseard), Jelmer(yn Uruzgan) en Grytzen Broersma(ek blesseard?) der sawiesa oan it begjin fan it seizoen net by binne. Ek Skelte Anema is der earst net. Hy sil meidwaan oan it Iepenloftspul fan Jorwerd en sil oan ’t healwei septimber gjin tiid hawwe om te fuotbaljen.  

Bliid
Bij SDS 5 binne se mooglik oh sa bliid. It kommende seizoen binne sij yndield yn in kompetysje sûnder Ljouwerter Sweltsjes. Dat skeelt 3 útstelde wedstriden. SDS 5 mei no de Sudwesthoeke wer yn en foar lieder Harm Auke stiet de konfrontaasje mei skoanheit wer op it programma. Sjoch bij senioren SDS 5 foar de folsleine yndieling.

Dochs sealfuotbalje
Freek Tichelman sil kommend seizoen dochs noch efkes by SDS fuotbalje. Hy ferhúzet pas yn febrewaris nei Grins en hat oanjûn dat hy salang yn elts gefal noch by SDS sealfuotbalje wol.

7 man
Wij komme dan dochs in bytsje yn de keatstimming. Nije wike is de PC. Mar leafst 7 leden fan SDS dogge mei. De partoeren dy’t útferkeazen binne, kinne jim
hjir sjen.

1999-2000

Wij seagen yn dizze komkommertiid noch efkes yn it archyf en troffen dizze foto oan. Sjogge jim noch fuotballers fan no?

WK-Bootcamp

Op freed 6 augustus sille de mannen fan it Wommelser Kampioenskip op trainingskamp. Jim kinne der hjir alles oer lêze. Opjaan kin oan ’t 1 augustus fia de mail!

Harsens derby (261)
It kin eltsenien oerkomme. Je krije in penalty, je hawwe eksakt yn ‘e holle wêr ’t je de bal hawwe wolle, je nimme in oanrin en dan…………… bliuwt de keeper stean: