Weppers freed 30-10

Seleksjes sneon 31-10
29 oktober 2015
Ut- en ferslaggen 31-10
29 oktober 2015

Efkes Balje
Nei in wike rêst kin it jûn wer oangean. Om 19.30 wurdt er wer Efkes Balle. Foar de leafhawwers… En de fraach dy’t de Efkes Ballers hjoed dwaande hâldt is: Komt er jûn ien Pieter of binne der sels twa?

Net balje
De wedstriid fan SDS B2 giet moarn net troch. Fc Harlingen B2 hat te min spilers.

Programma
It programma fan sneon mei tiden en skiedsrjochters kinne jim
hjir sjen.

Seleksjes
Jierrenlang hat Durk Okkema ús fersjoen fan de seleksjes op tongersdeitejûn. It briefke wat earst meinaam waard, doe brocht waard en dêrnei fia de WhatsApp bij de wepmaster telâne komt. Bij ôfwezigens fan Durk namen oaren it muoiteleas oer.
Woansdeitejûn naam Durk ôfskie en juster krigen wij de seleksje fan Pieter Kamstra, de nije technyske man. Sa fluch kinne sommige dingen oerdroegen wurde…. It liket de moderne tiid wol…

Wiis mei ……(1)


SDS is fansels wiis mei wedstriidsponsers. Moarn binne dat dizze twa bedriuwen, mar je kinne ek sizze Wichard en Jappie.

Wiis mei…….(2)

Yn Rotterdam binne se wakker wiis mei Joel Veltman. Dêr wolle se best in earerûntsje mei rinne. Ajax kenner Rients de Boer lit ús witte dat se him dêr wol hâlde kinne want ferkeapje sil no wol neat mear wurde…..

Letter fêst noch wol wat