Weppers freed 3-7

Kompetysje-yndieling SDS 1
1 juli 2015
Weppers snein 5-7
5 juli 2015

Treffer
De lêste Treffer fan it seizoen leit by ús drukker Van der Eems en as alles meisit leit der dit wykein noch by jim op de matte. Rekkenje der mar op dat it de muoite wurdich is om him te lêzen.

Frijwilligers SC Heerenveen – MVV
Wa ’t it wol wat ta liket om mei de wedstryd SC Heerenveen – MVV op freed 17 july frijwilliger te wêzen mei him of har wol opjaan fia info@vv-sds.nl. Wy sykje noch kofjeskinkers, stewards, frisferkeapers, memmen, alleskinners, opbouers, ôfbrekkers, ensfh.
Marlous, Lolke en Anna-Marie hawwe harren ynmiddels al opjûn! Tige by tige dêr foar!


Line-up SC Heerenveen – MVV
As de spilers fan SC Heerenveen en MVV it fjild op komme op freed 17 july dan soe it moai wêze as de F’kes fan SDS (fan ôfrûne seizoen) mei de spilers it fjild op komme. Der kinne 25 meidwaan. Alle F’kes binne hjir al oer maild en de earste 15 hawwe harren al opjûn. Der binne dus noch 10 plakjes te ferjaan!
Graach sa gau mooglik opjaan fia
dit formulier!


Befeiliging?
Mochten wy foar SC Heerenveen – MVV net genôch stewards fine dan hawwe wy altiten de mannen noch brûke fan in Eastereiner brommerklup:


Wedstrydstiper SC Heerenveen – MVV
Foar €25,- kinne je wedstrydstiper wurde fan SC Heerenveen – MVV. Hjirfoar krije je ien frijkaart en je namme komt yn it programmaboekje te stean. Klik
hjir om je op te jaan. De earsten hawwe dit al dien.

Fergees nei SC Heerenveen-MVV!
Foar alle jeugdleden fan SDS is de yntree fergees!
Dit jild ek foar froulju fan Vr.1 en Vr.2 o/m 18 jier.
De A’s en de B’s kinne harren kaartsje ophelje by:
Tjerk van der Pol, Geins 5, Wommels
De rest kin in kaartsje op namme ophelje by:
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
Douwe-Dirk-Reitsma, Smidslân 11, Easterein


Jeu de Pelote
Jûn om 19.30 oere yn Easterlittens is de finale fan it Iepen FK Jeu de Pelote. Yn de finale steane 4 fuotballers fan SDS en ien fan SC Bolsward. Sy pelote foar Wommels en nimme it jûn op tsjin Ljouwert.

Alderaardichst
Ondertussen in de groepsapp van Feyenoord

Harsens derby(1521)
Dit is miskien ek wol wat foar ús noch oan te lizzen keunstgersfjild: