Weppers snein 5-7

Weppers freed 3-7
3 juli 2015
SC Heerenveen-MVV-weppers
6 juli 2015

Fergees nei SC Heerenveen – MVV!
Foar al dy jeugdleden fan SDS dy ‘t SDS-keunstgerslotten ferkocht hawwe en bern út de SDS-Minileague is de yntree fergees!
Dit jild ek foar froulju fan Vr.1 en Vr.2 o/m 18 jier.
De A’s en de B’s kinne harren kaartsje ophelje by:
Tjerk van der Pol, Geins 5, Wommels
De rest kin in kaartsje op namme ophelje by:
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
Douwe-Dirk-Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach sa gau mooglik!


Foarlopige kompetysje-yndieling SDS MC1
De kompetysje-yndieling foar SDS 1 is bekend en ek de foarlopige kompetysje-yndieling fan MC1. It sjocht der sa út:
SDS MC1
SC Bolsward MC1
Oudega/HJSC/Heeg MC1
SWZ Sneek MC1
ONS Sneek MC1
LSC 1890 MC1

Nei Parys!
Skelte Anema docht der alles oan om fit oan it nije seizoen te begjinnen. Sa is hy no op de fyts ûnderweis nei Parys foar de Stifting Doch dyn dream. Sy helje jild op om in skoalle te bouen yn Kenia. Sy kinne noch wol wat sinten brûke. Jim kinne der
hjir alles oer lêze.


Út Littens!
Ek Jaap Toering, de Haitsma’s, Gerrit Flisijn en Redmer Strikwerda dogge der alles oan om nei de simmer wer fit oan it fuotbalseizoen te begjinnen en gienen te peloten. Dat foel net tsjin, want sy waarden freed yn Littens Frysk Kampioen troch mei 10-1 te winnen fan Ljouwert.


Harsens derby(1522)
Dit is knap!