Weppers freed 3-6

Weppers woansdei 31-5-2017
31 mei 2017
Weppers snein 4-6-2017
4 juni 2017

Slotdei SDS

Moarn is de slotdei fan SDS. Dit begjint om 13.00 oere mei in mikstoernoai foar de C’s en dêrnei is der fanôf in oer as 14.00 oere in mikstoernoai foar senioaren, sealfuotballers, A’s en B’s, Efkes Ballers, SDS-supporters, SDS-frijwilligers, ald-SDS´ers en wa ’t mar nocht hat. De C’s krije nei harren toernoai in broadsje hamburger spesjaal en nei it ‘senioaren’-mikstoernoai is der in barbecue. Mochten der noch C-jongens of famkes wêze dy ’t balje wolle of lju wêze dy ’t meidwaan wolle by it senioare-mikstoernoai en/of meibarbecue dan kin dat fansels. Mail dan mar efkes nei info@vv-sds.nl!

Tjitske Heeres bliuwt by SDS!

Wy binne der tige wiis mei dat de topskoordster fan hiel SDS, Tjitske Heeres, oanjûn hat net yn te gean op in oanbod fan in topklub út de buert en ek folgend seizoen by SDS te bewonderjen bliuwt!

Afbeeldingsresultaat voor tjitske heeres sds

Tjitske Heeres folgend seizoen ek yn it swart-wyt fan SDS!

Matthijs Postma nei SDS!

Matthijs Postma hat him defintyf oerskriuwe litten fan ONS nei SDS. Wolkom werom! Hjir binne wy tige wiis mei!

foto van SDS A1 2015 2016.

Matthijs Postma mei folgend seizoen de linen wer útsette by SDS!

22-stêdentocht

Der sille fêst in stikmannich SDS’ers weze dy ´t moandei de 11-stêdentocht fytse, mar der binne mar twa dy’t dit Pinksterwykein 22 Fryske stêden sjogge. De twa bikkels fan SDS Vr.1 Gerry-Edou Mollema en Hester Kingma sille snein de 11-stêdentocht autopette en moandei sille sy him fytse. Kom harren ek oanmoedigjen!

foto van Gabriele Bouma.

Neikompetysje

Der binne noch wat ‘SDS’ers’ dwaande yn de neikompetysje. Sa spilet âld-SDS-trainer Marcel Frankena snein mei vv Warga út tsjin Surhuisterveen om in plakje yn de 3e-Klasse. De earste wedstryd hat Warga mei 4-1 wûn, dus nei in kampioenskip kin Marcel dit seizoen op ‘e nij promovere.

Neikompetysje (2)

De ‘SDS’ers’ Matthijs Postma en Habtamu de Hoop spylje moarn mei ONS JO19-1 om 12.45 út tsjin SWZ Sneek. De wedstryd begjint om 12.45 oere. De earste wedstryd hat ONS mei 6-0 wûn. De winner oer twa wedstriden mei it yn de finale nije wike opnimme tsjin de winner fan HZVV-AZSV. De winner fan de finale promovearret nei de 3e-Divysje.

Harsens derby (1897)

Ek as steward moat je de harsens der al by halde………..

 

Letter miskien noch mear!