Weppers woansdei 31-5-2017

Jou je op foar de SDS-slotdei op sneon 3 juny!
29 mei 2017
Weppers freed 3-6
2 juni 2017

Noch gau efkes opjaan!

Ferjitte jim net om je hjoed noch op te jaan foar de slotdei kommende sneon?
Wy hawwe ynmiddels al sa ’n 50 fuotballers en 80 barbecuers.
De SDS-slotdei is foar elts dy ’t wat mei SDS hat!
De barbecue kostet mar €10,- en foar frijwilligers fan SDS sels fergees. Middeis is der in fuotbalmikstoernoai foar de leafhawwers.
Lju dy ’t middeis mei de frou nei de stêd moatte kinne noch best efkes meibarbecue om 18.00 en de Champions-League-finale efkes sjen!
Opjaan kin op dizze link.
Stel it net langer út doch it no!

Afbeeldingsresultaat voor champions league finale 2017

En sneon om 20.45 oere op it grutte skerm!

Slotdei C’s

Op de slotdei kommende sneon foar de senioaren, froulju, A’s, B’s, sealfuotballers en de Efkes Ballers organisere wy ek in apart mikstoernoai foar de C’s en MC’s (JO15 en MO15). Dit toernoai begjint om in oer as 13.00 oere. Hjirnei kinne de jonkjes en famkes genietsje fan in broadsje hamburger! Ynmiddels binne der al sa ‘n20 dy ’t meidogge. Der kinne noch wol in pear by!
Graach opjaan fia de lieders of fia info@vv-sds.nl!

De lêste

It lêste doelpunt fan SDS 4 fan dit seizoen is sneon makke troch Ruun Ogoni. Syn totaal komt dit jier út op 6.  Dat is ien minder as Jelte Hitzert en 3 minder as Eeltje Postma.

Debút yn lêste wedstriid fan SDS VR1

It hiele seizoen binne wij hast altiten tidens de wedstriden fan SDS VR1 fia twitter op de hichte holden fan tuskenstannen, doelpuntenmakkers en einstannen. Op sneon nei: Jacomien Heeres hie har tillefoan fergetten. Thús hat se noch efkes de feiten op in rychje setten:

Seleksje wie oanfuld mei Kirsten dy foar earst nei knibbelblessure wer mei dyn hat mei VR1. Dêrneist wie ús keepster Alize der net by.
Anneke Gaastra, keepster van VR2 hat har debút makke by VR1. We wienen tige bliid dat se mei wie!!
En Anna Herder fan de famkes wie ek fan de partij.

Mar Udiros wie sterker en hat fertsjinne wûn.
Us goal kaam út in vlot nommen en goede úttrap fan Anneke op Tjitske, die yn 1 keer nei de goal koe en 1 op 1 tsjinoer de keeper kaam en skoare koe.

It wie eins te waarm om te fuotbaljen mar de dames hawwe harren bêst dien en sjen litten dat VR 1 kondisjoniel prima yn foarm is!
Op nei folgjend seizoen!
Jacomien

Lêste of earste training?

SDS Vr.1 traint jûn foar de lêste kear dit seizoen. Sy dogge dit mei de mooglik nije trainer fan Vr.1 In soartefan proeftraining sis mar.

Nije trainer SDS JO19?

Om ’t de trainer fan SDS JO19, Meint Hofstra, nei dit seizoen werom giet nei vv Scharnegoutum binne wy op syk nei in nije trainer foar de JO19. De ôfrûne wiken wie der al wat kontakt mei ferskeidene kandidaten, mar dit is op neat útrûn. Fannemiddei komt der hjir in fakatuere op de webside stean. As jim noch ien witte lit it dan witte fia info@vv-sds.nl.

De alder-alderlêste

It alder-alderlêste doelpunt yn dit seizoen is makke troch SDS seal. Sij ferlearen justerjûn mei 3-1 yn Boalsert. It alder-alderlêste doelpunt waard úteinlik makke troch………………… in Boalserter……

Perioadekampioen en dan?

Yn de tredde klasse A sneons, wêr’t SDS ek yn siet, wiene trije periodekampioenen Net ien fan de trije hat de earste ronde oerlibbe. Gongen earder Workum en Oeverzwaluwen der al út, justerjûn is DWP ek útskeakele troch Berlikum.

Harsens derby (1896)

Kinne jim Lazovic noch dy ’t earder by PSV balle? Of moatte wy sizze; falle…………..