Weppers snein 4-6-2017

Weppers freed 3-6
2 juni 2017
Woansdei trainers-lieders-gearkomst mei û.o. Geert-Arend Roorda fan de VTON!
6 juni 2017

Moaie ôslúting fan MO 15-2


Tongersdeitejûn  wie it memmen-fammen spektakel fan MO 15-2 op it sportfjild yn Wommels. It levere moaie taferielen op, in prachtige foto en in nijsgjirrich ferslach. En dat lêste kinne jim lêze yn de lêste Treffer fan it jier mei hopenlik mear sokke moaie jieroersichten. Wa’t wûn hat? It stiet yn de Treffer en freegje oars de fammen mar…

JO 15 slúte seizoen ôf

Sneontemiddei wiene der 24 JO 15-1 jonges ferdield yn trije ploechjes fan 8 om sa harren eigen toernooi te spyljen. It sil jim net ferbaze dat Feyenoord wûn: Mark Klijnsma, Remi Bootsma, Michael van der Weg, Eeltsje Bootsma, Gerrit Gaastra, Merijn Petra en Stan Korbach hellen trije oerwinningen en ferlearen ien kear
PSV mei Stijn Schildkamp, Michiel Zuidema, Gerben Gerbrandy, Douwe Jan Vellinga, Wiltsje Aardema, WEssel Wijnja, Anco Bervoets en Tjitse Postma wûnen twa kear en ferlearen twa kear.
It Ajax fan Grietzen Gaastra, Halbe Willem Overal, Jente van der Woude, Kevin den Haan, Luka van der Weg, Ruerd Andringa en Tjerk Ebbinga moast it mei ien oerwinning dwaan.

De platte karre


Yn de LC fan sneon in artikel oer de platte karre. Net mear fan dizze tiid wylst it ek noch ferbean is. It artikel giet fierders net oer SDS mar se hawwe wol in foto fan it twadde pleatst doe’t dy kampioen waarden en op de platte karre troch Easterein gyngen.