Weppers freed 29-4

Seleksjes 30-4
28 april 2016
Utslaggen 30-4
29 april 2016

Efkes Balje
Jûn om 19.30 yn Wommels op it griene gers mar sûnder doeltsjes.

Programma sneon
Sjoch it programma fan moarn hjir efkes troch. Der is
hjir en dêr wer wat wizige.

Sponsers
De wedstriidsponsers fan SDS1 – QVC 1 binne TRW service en
TweewielerdeJong

Anne nimt ôfskie op 10 juny
En dat levere op twitter al in reaksje op fan ien fan de fuotbalstikjeskriuwers fan de Ljouwerter Krante.
Harm Postma
@ff_sds
Hulde foar Brouwer, groetnis!

Kampioen?
Moarn nei SDS 1 – QVC 1 kinne wy noch moai efkes ien keapje op it kampioenskip fan de froulju fan SDS Vr.1! Dêrneist soe it samar kinne dat SDS A1 moarn kampioen wurdt as sy om 12.00 oere winne fan Frisia A2 en konkurrint sc Stiens ferliest. Kom allegear de A’s oanmoedigjen moarn, want wat is der moaier dan thús kampioen wurde?
SDS 3 kin dêrneist moarn ek kampioen wurde. Sy hoefe sels net, mar as konkurrint Balk 3 harren ynhelwedstryd ferliest is SDS 3 ek kampioen.

E1 trainde yn Makkum
Omdat it jûster keningsdei wie, die trainer Hans in oar foarstel: op tongersdei de moarn nei it strân. Dus fan ‘e moarn yn trije auto’s nei Makkum! We hienen prachtich waar en de jonges hawwe neffens ús in moaie moarn hân. We hienen ranja, cake en kofje mei. En se binne sa’n oardel oere lekker mei de bal oan it buotsjen west. Earst in pittige training fan Hans, doe efkes pauze, dêrnei posysje spul en doe noch in partijtje.
Thijs bedankt foar it riiden en Hans bedankt foar de training en kofje en ranja!!
Anneke


By dizze lêste foto die Hans iets hiel frjemds, fandêr de laitsjende mannen!!

Koartingskaarten
Wy hawwe noch wat koartingsbonnen lizzen foar Hellendoorn. Sy binne moarn fergees op te heljen yn de bestjoerskeamer.