Weppers freed 29-3

Weppers tongersdei 28-3
27 maart 2013
Seleksjes 30-3
28 maart 2013

As de brânwar!
De A’s meie moarn om 11.00 sammelje by de brandweer yn Wommels.
Klaas

G.n.t.
It G.N.T. team is wer yn aksje. De earste melding is binnen. SDS Vr 2 – Hylpen Vr1 giet net troch. De Hylper froulju hâlde moarn leaver de kleandracht oan, dat is wol sa waarm.

Seleksjes
It is wat. Wij hawwe hielendal begrutsjen mei al dy lieders dy’t tongersdeitejûns alle war dogge om de seleksjes goed en kompleet it fjild yn te stjoeren sneon. Der wurdt tekene, der wurdt skreaun, der wurdt belle en der wurdt skood mei de iene of de oare.
Wij hawwe hast begrutsjen mei ús sels. Tongersdeitejûn let of freedtemoarn betiid sette wij de hannel op de side. En dan wurdt it úteinlik wer sneontemoarn.. tring… mail….twitter….En dat is nei de wekker dy’t wij al op hiel betiid sette moatte.

Programma
Sa sjocht
it programma der no noch út.

Efkes Balje
De seleksje foar Efkes Balje is ek klear: Elkenien dy’t nocht hat, elkenien dy’t ferline wike yn de basis stie, elkenien dy’t ferline wike fuortbleau fanwege in reden of de kjeld en elkenien mei de bijnamme sleaue (dy’t ek hieltyd soe, mar it hieltyd útstelde) stiet yn de basis. De kleur fan it hesje is noch efkes ôfwachtsje.

Kursus pupillen-skiedsrjochter
Yn de maaie-fakansje is der in pupillen-skiedsrjochter-kursus foar A- en B-junioaren. Der binne 16 plakken. Mocht der net genôch opjefte wêze dan meie der efentueel ek C-junioaren meidwaan. Mochten je fragen hawwe(meie der ek froulju meidwaan?) dan kinne je terjochte by Auke of Friso. Sjoch hjir foar alle ynformaasje en opjefteformulier.

Mobyltsjes foar “Rinsma foar Remco”t.b.v. it KWF
Mobyltsjes kinne jim fanôf dizze wike ynleverje by û.o. Rinsma Berltsum/Drachten – Omrop Fryslân – Expert winkels yn Frentsjer/St.Anna/Boalsert/Burgum – Phonehouse Frentsjer/Boalsert/Snits + Wendy’s Beautiek en Cuvi yn de Gordyk. Ek by v/d Velde Winsum en Coop Minnertsgea stiet in ynsammelbox. Moarn stiet der ek in sammelbox yn de fuotbalkantine fan SDS. Sjoch hjir wêr ’t dy noch mear stiet.

Soe dizze der wol ynpasse?

In sprekbeurt

Dy Pieter Sytsma dy trof it net op skoalle. Thús de sprekbeurt goed taret, sels in traininkje oerslein en dan sil der begjinne: “myn sprekbeurt giet oer Aja……. Dan dan bart
dit .

Harsens derby(991)
Sommige keepers kinne ek noch wol in bytsje bolje: