Sneon 30-3-2019

Weppers freed 29-3-2019
29 maart 2019
Unibet nije stiper vv SDS!
1 april 2019

Hawwe jim wat aardichs te melden oer je wedstriid, in ferslach of oars wat aardichs, mail it dan nei aant@vv-sds.nl en/of willem@vv-sds.nl.

29-3-2019 19:30 NOK VR2 SDS VR2 3-1
29-3-2019 19:50 SDS VR2 Oosterlittens VR1 Aldemardum
29-3-2019 20:10 SDS VR2 Bakhuizen VR1 0-2
29-3-2019 20:30 SC Bolsward VR4 SDS VR2 Aldemardum
30-3-2019 09:00 SDS JO12-1 Scharnegoutum’70 JO12-1 6-2
30-3-2019 09:00 SDS JO9-1 Frisia JO9-5
30-3-2019 09:30 SDS MO15-1 S.C. Stiens MO15-2 1-1
30-3-2019 10:00 SDS Mini SDS League
30-3-2019 10:00 ST SDS/Nijland JO15-2 Blauw Wit ’34 JO15-3 NIJLAND
30-3-2019 10:20 SDS JO13-1 Scharnegoutum’70 JO13-1 1-2
30-3-2019 11:55 SDS MO17-1 SVO Sneek MO17-1 2-5
30-3-2019 12:00 SDS VR1 Scharnegoutum’70 VR1 10-0
30-3-2019 14:30 SDS 1 Workum 1 2-0
30-3-2019 14:30 SDS 3 Sleat 2 2-1
30-3-2019 10:00 CVO JO11-1 SDS JO11-2
30-3-2019 10:30 Leovardia MO13-2 SDS MO13-1 0-3

SDS moet zijn meerdere erkennen in Workum

SDS verloor zaterdag met 0-2 van Workum, dat aan een sterk seizoen bezig is. In een rommelige eerste helft ontliepen beide teams elkaar niet veel. Vlak na de thee was het Workum dat scoorde en daarmee kwam het in een ideale positie. SDS ging op zoek naar de gelijkmaker en nam risico’s, waardoor Workum gevaarlijk kon counteren. Uiteindelijk besliste het de wedstrijd in de blessuretijd.

De eerste helft was niet van een bijster hoog niveau en beide teams hadden moeite om tot goed voetbal, laat staan kansen te komen. Er was veel druk naar voren, waardoor er vooral lange ballen waren te bewonderen. De grootste kans was voor Jordy Heeres van Workum, maar Jaap Toering redde fantastisch. SDS scoorde vlak voor de rust wel, maar het doelpunt van Jacob-Klaas Haitsma werd terecht afgekeurd vanwege buitenspel.

Kort na de rust was er weer een lange peer naar voren en Rick Demmer pikte de afvallende bal op. Zijn harde schot van 20 meter was Jaap te machtig en zo stond het een beetje onverwacht 0-1. Daarna was het SDS dat probeerde om de gelijkmaker te forceren en Workum dat op de counter loerde. Lourens van de Pol was dicht bij de gelijkmaker, maar zijn puntertje met rechts werd naast gewerkt door de doelman. Workum kreeg kansen om de wedstrijd voortijdig te beslissen, maar Jaap Toering keepte geweldig en zo bleef het lang spannend. Een slotoffensief van SDS leverde ook geen treffer op en in de laatste minuut was het invaller Erik Pluister die de 0-2 scoorde.

Douwe Posthuma

Henk Bootsma makke wer in stik of wat prachtige foto’s fan de wedstriid. Jim kinne se hjir fine op Facebook.

Pupil fan de wike


De pupil fan de wike Faethon Koussios woe mei Habtamu de Hoop op de foto.

SDS-Skearnegoutum 10-0

De bleasseare Lysanne Wiersma klom nei ôfrin yn de pinne:

Op dizze mooie dei stean we wer klear foar de wedstriid. Twa wiken lyn hien we helaas ferlen fan AVC. Hjoed gong we der natuurlik wer foar om te winnen en dit is lukt!
We hjere it fluitsignaal, gean gelyk yn de oanfal en binnen in pear seconden makket Jeska de 1-0! SDS doche it goed en binne steeds yn de oanfal. Nei in kertier makket Jeska al de 2-0 ut in foarset fan Seriette. Even letter falt der alwer in goal troch Femke! 3-0. Ut in korner proberen we wer te scoren mar dizze gjit krekt nest. Gelukkich makket Kirsten dat al snel goed mei in 4-0. Dan komt Jeska wer yn de aanval troch in bal fan Femke en sy makket de 5-0 troch de bal achter it standbeen wei yn it goal te skoppen. Foar de rust makket Seriette it noch even ôf mei in goal, 6-0.
De 2e helte gean we lyk wer los mei in goal troch Seriette. We bliuwe even oertikjen en dan komt Femke los. Se spilet alle spilers fan Skearnegoutum foarbij en makket de 8-0. Dan komt al gau de 9-0 troch Hester en Femke makket de wedstriid ôf mei in 10-0!

In mooie oerwinning dizze sneon!

SDS 3 – Sleat 2

Der waard fannemiddei noch wol juichd op de Skoalleseize. En it publyk stie op de banken fanwege in skitterjend doelpunt fan Jan Simon Jelsma. Harm Stremler skoarde út in strafskop.

SDS/Nijland JO15-2 – Blauw-Wit JO15-3

Lykspul terjochte útslag Jo15-2!
Sneon spilen ús Jo15-2 thús yn Nijlân tsjin Blauw Wit Jo15-3. Niels wie siik thús en Jetse noch blesseert fan foarige wyke. Mar mei 14 man koene we goed út de fuotten. Yn prachtig waar!
De wedstriid golve hinne en wer. Beide teams hiene fases fan goed spul en druk op de tsjinstanner. Coach Tsjeard hie it der soms mar drok mei. In goede oanfal fan ús kaam bij spits Jochem te lâne. Dy krige 2 sjit kânsen werfan de twadde siet 1-0.
Mar Blauw Wit wie net fan de wiis. Mei soms mooie opbouw fan achteren krige hun spits frije kâns 1-1. Nei de thee wie de striid wer iepen. Toch like Blauw Wit wat better út de rêst te kommen. Bij ús wat drok en rommelig. Foaral ús middenfjild hie gruttere gatten. Dat soarge al gau foar de 1-2. Wat mooi dat ús jonges der alles oan diene om werom te kommen. Disse ynset waard yn de 50e minuut beleane troch in echte spitsgoal fan Sije! 2-2.
Der wie wat undúdelikheid oer mar de goal waard dochs goedkeurd.
De lêste 20 minuten wie it soms wer billeknipen. Wat binne we bliid mei ús keeper Lennert. Hij had seker 3 grutte kânsen fan Blauw Wit foar ús rêden.
Beide teams kinne tefreden wêze mei de útslach fan dizze sportieve wedstriid!
Wij groeie wer fjirder mei ús team. Ús nije spilers, de 4 J’s, ha hun plakje yn it team al hielendal fûn.
Op nei nije wyke. Om 10.30 oere thús op de Skoalleseize tsjin SC Bolsward Jo15-3.
Oant nije wyke!
Team Jo15-2: Tsjeard, Jelmer, Hans en Gosse

Efkes Balje

De sân sûnder hesje gyngen justerjûn mei in foldien gefoel nei hûs.
A omdat it twa hearlike wedstriden wiene en B omdat der mei in gelykspul en in oerwinning alle reden wie in lekker spesjaal bierke te dopjen.
Yn de finale waarden se earst op efterstân setten troch ploechje 6, mar nei de gelykmakker wie it Frank Rijpma dy’t mei in sublime rêst oan de bal binnentikte.
It skoare ferrin yn de grutte pot lit ek sjen dat de spanning om te snijen wie. 2-0, 2-3, 3-3, 3-4, 4-4 en……
Ja en, want de 5-4 foar ploechje 6 foel ek noch, mar telde net.  Bûten de tiid  seine de deskundigen fan ploechje 7.
Yn dy lêste sekonden wie ploech 7 yn de oanfal, like te skoaren mar de ôffallende bal kaam foar de fuotten fan de sluwe foks Wouter Hylkema dy’t syn streken seker net ferliest en hij wist fan ôf de middenline de bal tjirgjend langsum yn it doel te skowen.
Wannear wie it tiid want 20.35 wie de fêststelde eintiid ynstee fan de klok fan de toer  fanwege de lette komst fan te folle Efkes Ballers.
Wie de bal al oer de doelline of noch krekt net.
Gjin VAR, gjin doelline technology mar gelokkich wol

Sybe Satallyt.
Dizze Sybe dy’t ek noch in fuotbalferline hat bij SDS folget de klup fansels noch altiten en hij wol op fersyk fan de skriuwer fan dit stikje fannacht

syn hypermoderne WD Sat ûntfanger op it dak wol efkes sykje litte om bylden dy’t ûnomstjitlik oantoane kinne wêr’t de bal krekt wie doe’t it tiid wie.

De bylden fanút in Sjineeske spionaazjesatellyt lige net. Om 20.34.59 wie de bal oer de line en yn oanlevere animaasjefoto dúdlik te sjen
Mei oare wurden, ploechje 6 hopet dat it bierke fan ploechje 7 goed smakke hat nei de fermynde winst en it gelykspul en sij litte witte dat sij jûn noch efkes ien (mooglik twa) nimme op it earste dochs takinde SybeSatellyt doelpunt en dêrmei de oerwinning yn de earste pot
Ploechje 7 (winst yn de finale): Frank, Kerst, Folkert Rients, Harrie, Syb, Pieter en Pieter
Ploechje 6 (winst yn de grutte partij): Menno, Wouter, Ferrie, Johan, Remco en Aant