Weppers freed 29-11-2019

Mei koarting nei sc Heerenveen – Vitesse!
28 november 2019
Sneon 30-11-2019
29 november 2019

Omsylt SDS VR1 ek de lestige Snitser klip?

Om 15.15 oere yn Snits treedt SDS VR1 oan tsjin subtopper SWZ VR2. Sjitte de froulju út Easterein ek no wer mei skerp en bringe se 3 punten yn Easterein?
De seleksje: Alissa, Dina, Femke, Gerry Edou, Hester, Janieke, Jeska, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Richtsje, Seriette, Sieta en Sietske.
Fertrek Easterein: 13.45 oere
Oanwêzich SWZ: 14.00 oere

Is der ek bij Heerenveense Boys wat te heljen foar SDS 1?

Heerenveense Boys 1 hat mar twa punten mear as SDS 1, mar hat wol 10 doelpunten mear skoard en hat er ek 19 mear tsjinkrigen. Dat it yn it Fryske Haachje 0-0 bliuwt dêr leauwe wij net yn. Sneon om 14.30 oere kinne jim it sjen.
De seleksje: Jaap, Erik, Frank, Gerwin, Hendrik, Jacob-Klaas, Lourens, Luuk, Matthijs, Peter, Pieter, Remco, Steven en Wiebe.

Wêrom soe  SDS 2 de punten net út Warkum helje?

Wij soene gjin inkele reden witte dat SDS 2 mei twa punten minder as Workum 2, net winne kin yn Warkum. Om 15.00 oere begjint it dêr en om 16.45 oere sa ûngefear witte wij mear.
De seleksje: Sjoerd W, Bauke, Arjen, Dirk, Ewout, Jesse, Jort, Jurjen, Lieuwe, Robin, Sjoerd, Tjeerd, Wesley en Wietze.
Sy fertrekke om 13.50 oere út Easterein.

Kinne se bij SDS 3 de skuon noch fine?

Bij it sa no en dan fuotbalje en it “net sa faak traine” kin it best wol in puntsje wêze om te sjen wêr lizze de fuotbalskuon ek al wer. SDS 3 wol sneon graach wer los en sc Bolsward 3, dat noch gjin punten hat, moat de dupe wurde fan harren opkropte enerzjy. Om 13.30 oere in bakkie en om 14.30 oere balje. Thús.
De seleksje: Inne, Anne, Haye-Jan, Hendrik(c), Jelmer, Mark, Marten, Piter, Pieter, Skelte, Watze J, Willem, Jildert, Steven en Niels.

Kin SDS 4 it efteryn skjin hâlde?

SDS 4 hat 21 doelpunten tsjin yn 7 wedstriden dochs in moai middenmoatposysje. Wolle se de stap nei de top meitsje dan soene se efteryn in kearke de nul hâlde moatte. Of fine se it wol prima dat se safolle tsjinkrije at se der foar mar ien mear meitsje? QVC 3 is om 14.30 yn Easterein de tsjinstanner en dy hawwe op de ranglist 3 puntsjes minder.
De seleksje:
[26-11 13:34] Johan wtd: Aanwezig
[26-11 13:35] Allert Turksma: Aanwezig
[26-11 13:41] Igor: Lichamelijk aanwezig o.v.b. Sinterklaas
[26-11 14:14] Jelmer Brouwer: Aanwezig
[26-11 14:15] Klaas Bouke SDS: Aanwezig
[26-11 16:08] Tseard: Aan
[26-11 18:28] Peter Stuiver: Aanwezig
[26-11 18:31] Ralph: Aanwezig
[26-11 19:11] Sytse hibma: Aanwezig
[26-11 19:51] Martijn Rispens Nieuw Nieuw: +1
[28-11 10:30] Johannes Abma: Ovb.. vanavond eerst trainen.. +2 vanavond neem Chileense vedette mee
[28-11 11:00] +31 6 57368088: Sneon aanwezig
Nico Tagliafico

Kin fuotbalje om 14.30 oere yn Harns foar SDS 5 trije punten opleverje?

De wedstriid stie op 15.00 oere, mar it wurdt no 14.30 oere. Oars wol wat let op de middei mar it mei de geroutinearde mannen fan it fiifde net fan de kaart bringe, soene je sizze. Wij sille sjen at SDS 5 ek harren 8ste wedstriid winne kin.
De seleksje: Auke, Harm D, Doede D, Feite, Gert-Jan, Henk, Jan-Simon, Jentsje, Klaas, Robert, Ronny, Syb, Tjeerd en Wichard.
Fertrek 13.15 oere.

Omsylt SDS VR1 ek de lestige Snitser klip?

Om 15.15 oere yn Snits treedt SDS VR1 oan tsjin subtopper SWZ VR2. Sjitte de froulju út Easterein ek no wer mei skerp en bringe se 3 punten yn Easterein?
De seleksje: Alissa, Dina, Femke, Gerry Edou, Hester, Janieke, Jeska, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Richtsje, Seriette, Sieta en Sietske.

Groue woarst

Okke van der kamp wie ôfrûne snein jierdei en traktearde juster noch efkes op woarst yn de kantine. Dit smakke prima. Hy hie se sels snijt en de iene woarst kaam út Sint Nyk en de oare út Grou. It wie wol dúdlik welke út ‘Grou’ kaam:
https://www.vers-inspiratie.nl/upload/images/slagersvak/Wereldrecords/Originelen/GrootseMortadella-O.jpg

Harsens derby (2184)