Weppers freed 28-8

Weppers tongersdei 27-8
26 augustus 2015
Utslagen 29-8
30 augustus 2015

Seleksje SDS 1
SDS 1 reizget ôf nei Blokzijl om tsjin 5de klasser Blokzijl oan te treden. Bij winst en in gelykspul is SDS wis fan de folgjende ronde.
Oanwêzich: 12.15
Spylje: 14.30
Seleksje: Ewout, Feiko, Grytzen, Bauke, Jacob, Teun,Wiebe, Hendrik, Tjipke, Jelmer, Harm, Jort, Jaap, Sjoerd

Seleksje SDS 2
SDS 2 spilet sneon de twadde bekerwedstriid tsjin VVI 2.
Oanwêzich: 11.45
Spylje: 13.15 oere
Seleksje: Jurjen, Elger, Ruurd, Hendrik, Marten, Gerrit, Feite, Pieter K, Stefan, Bote, Sjoerd, Tjeerd, Ralph, Willem.

Kantine
Om ’t der moarn net folle fuotbaljen is yn Easterein, SDS 1 en 2 fiere útwedstriden hawwe en der op it heden noch in bult barfrijwilligers op fakansje binne giet de kantine sneon opm in oere as 15.00 ticht. Yn oerlis mei de barjuf kin hjir miskien noch wat tiid by lutsen wurde.

Efkes Balje
Jûn om 19.30 kin der wer Efkes Balle wurde op it fuotbalfjild yn Wommels.

SDS B1
“De velden staan blank” krigen wij juster troch fan Robert Schildkamp. Hij hie in berjocht trochkrigen út Drylts wêr’t de wedstriid SDS B1 – YVC/Blauwhuis B1 spile wurde soe.

Drokte
At jim hjoed allegear trekkers riden sjogge en dêrnei stean sjogge bij de Skoalleseize dan kinne wij jim sizze werom. Hjoed is de BoerenPC, in keatspartij foar boeren fan 18 oant 88. Oan it programma te sjen wurdt der hjoed mar ien kear molken. Sjoch
hjir

Programma sneon

      útslach
10:00 SDS F1 Workum F1  
12:00 SDS A1 LSC 1890 A2  
10:30 AVC D1 SDS D1  
10:45 ST IJVC/Blauwhuis C1 SDS C1  
11:00 QVC E1 SDS E1  
13:30 Zeerobben MC1 SDS MC1  
14:30 Blokzijl 1 SDS 1  
13:15 VVI 2 SDS 2  
14:30 Minnertsga/St.Jacob VR1 SDS VR1  

5 septimber
Op 5 septimber begjint foar in grut part de kompetysje wer mar der binne ek tal fan oare sportive eveneminten yn ús regio wêr’t meardere SDS-ers oan meidogge of belutsen bij binne.

It Milleniumnetwurk Fryslân hat syn jierlikse loop en dit jier docht Grafische groep van der Eems ek mei. Jim kinne
hjir lêze wa’t dat binne en wat it ynhâldt. De Millenniumloop giet ek troch Wommels en Easterein (fanof Skrok, oer de Foarbouren, via Skippersbuorren nei Reahus). Het Wissel en stempelpunt (doarpsbelang is oant stempeljen) is bij drukkerij van der Eems. Tusken 12.00 oere en 14:45 komme de dravers fan 60 teams lans.  Us team ferwacht rûn 14.00 troch Easterein te kommen, mar at we echt hurd drave miskien wol earder. Henk Braaksma komt oan yn Easterein en Jelmer Couperus vertrekt fanút Easterein.

De Triatlon Wommels is ek yn dat wykein. Op freed de jeugd en op sneon de 1/4 en 1/8 triatlon foar betûften en begjinners. Dit spektakel is foaral te besjen bij it swimbad mar de fytsers komme ek troch Easterein. Sjoch
hjir.

Harsens derby (1585)
Dit is in reade kaart fansels……….