Utslagen 29-8

Weppers freed 28-8
27 augustus 2015
Weppers moandei 31-8
31 augustus 2015

Blokzijl 1 – SDS 1    0-8
SDS 1 moat wol in maklike middei hân ha at wij nei de útslach sjogge. Tsjipke Klaas Okkema, Feiko Broersma en Grietzen Broesrma skoarden allegear twa kear. Jelmer Posthmus en Teun Heeres diene dat beide ien kear.

VVI 2 – SDS 2   1-2
SDS 2 boekte yn syn twadde bekerwedstriid in oerwinning yn Jitskenhuzen tsjin VVI. SDS 2 fuotballe in knappe pot mei in bult striid. It wie Gerrit Flisijn dy ’t de 1-0 makke, mar dizze waard spitich genôch ôfkard. Hielendal spitich wie it dat VVI krekt hjirnei wol in jildige 1-0 makke. Krekt foar it skoft koe Tseard de Vries de 1-1 meitsje. Yn de twadde helte wie it foaral SDS dy ’t it spul makke en op ‘e nij Tseard dy ’t skoorde. Om ’t SDS it mar net slagge om de 3-1 te meitsjen bleaun it oan it ein ta spannend.

Minnertsga/St Jacob VR1  – SDS Vr1     4-5
De rêststân wie 3-1, de einstân 4-5. Dat moat hast wol in spannend potsje west ha. Sieta en Carmen skoarden beide 1 kear en Tsjitske makke der 3.

SDS A1 –LSC A2 8 – 1
Niet geflatteerd, niet een schoonheidsprijs, wel gewoon 8-1, waarbij het net niet lukte om de 0 te houden. Na de vlotte 2 – 0 volgde een inmiddels standaard ingebakken slappe periode. Veel balverlies, moeilijke oplossingen, onbegrijpelijke aannames, geen driehoekjes, geen spitsen die aangespeeld werden. Maar ook standaard is dat het ploegje zich altijd weer herstelt. 8 – 1 is gewoon een beste uitslag! We zijn klaar voor de competitie, met de zekerheid dat we makkelijk scoren, af en toe gemakzuchtig zijn en de sfeer in de ploeg top is!
Tjerk

IJVC/Blauwhus C1 – SDS C1     11-5
Hjoed de leste fan de trije bekerwedstriiden. Alwer ut yn Drylst tsjin IJVC. Nei 5 fiif minuten al mei 2 – 0 foar troch goals fan Stan en Hendrik. Wat dernei barde, ha ik noch nea meimakke . Hieltiid sykje ik nei wat positiefs at it net al te best is. Dit kin ik no net fine. 5 – 2 mei rest en 11 – 5 einstan. In komplete off dei fan C1.  1 foardiel; ik hoech net in lang stikje te meitsjen.
Theo.

AVC D1 – SDS D1     5-3

QVC E1 – SDS E1    3-3

SDS F1 – Workum F1   ús net bekend

Efkes Balje
Der binne fan dy ôfleveringen wêrbij je nei ôfrin muoite hawwe om de bysûnderheden der út te heljen. It wie in gewoane reguliere ôflevering. Mei 12 man, mei kreas waar, mei hesjedragers as winner yn de grutte partij en mei hesleazen as winner yn de lytse partij. Bysûnderheden? 
dat Pieter Veenje syn eigen telling der op nei hâldt is net bûtengewoan, dat Stefan van der Pol op it lêste momint optrommele waard om mei te dwaan en dat wol woe, ferbaasd ús net, dat in Itenser en in Hinnaarder prottelje op it stopljocht yn Wommels, wij sjogge der net fan op.
Bijsûnder wie miskien wol dat wij de healweinjoggenen slach meast net mear heare en dat Bas de Haan syn debút makke.
Hesjes: Wouter, Folkert Rients, Tjerk, Theo, Aant, Johan
Hesleazen: Ferrie, Lourens, Stefan, Pieter, Bas, Harry.
Aant

Skylge toernooi
Ek dit jier is SDS wer presint op it Skylge 35 plus toernooi. Wij hawwe begrepen dat de rissultaten wat efterbliuwe bij oare jierren, mar se hawwe dan ek in moai stik routine ynlevere want de meast troue Skylgetoernooigonger wie der dit jier net bij. Hij moast sa nedich rocke op in brink yn Drinte.



Daliks mear!