Weppers freed 28-1-2022

De nije Koronarigels
27 januari 2022
Sneon 29-1-2022
28 januari 2022

Koronarigels

Moarn hawwe wy te krijen mei de nijste Koronarigels.
Hjir alfêst om rekken mei te hâlden;
– By in positive Koronatest bliuwe je thús
– Om de kantine yn te wollen moatte je in QR-koade hawwe
– Der meie net mear as 35 lju yn de kantine sitte
– De barfrijwilligers hawwe in mûlkapke op
– As je yn de kantine binne dan moatte je sitte en as je omrinne dan moat it mûlkapke op
– Ek yn de klaaikeamers moatte je oardel meter ôfstân hâlde. Slagget dat net dan moatte je in mûlkapke op. Mei oare wurden; mei mûlkapke op brûze…..;)
– As je by it fuotbaljen sjogge moatte je op oardel meter fan mekoar sitte om de oar net besmette te kinnen. By SDS liket it ús better om op ôfstân stean te bliuwen……

SDS 1 oefent thús om 14.30 oere

Om 14.30 oere sil SDS 1 de earste oefenwedstriid nij dizze te lange ûnderbrekking spylje. QVC 1 út Starum, in fjirde klasser dy’t aardich meidraait yn de top, komt op besite. Dizze seleksje wurdt moarn om 13.15 oere op it sportkompleks ferwachte en hat om 13.30 oere de wedstriidbespreking:
Jaap, Jelte-Pieter, Erik, Gerwin, Remco, Anco, Wiebe, Pieter, Matthijs, Teun, Sjoerd, Douwe, Lourens, Stan, Peter en Wesley.

SDS 3 nei de Jouwer

SDS 3 spile de lêste wedstriid foar it winterskoft yn de Jouwer tsjin sc Joure 5 en mei moarn nei sc Joure 4. Om 12.15 giet it dêr los en om 11.00 oere fertrekke dizze mannen nei De Jouwer:
Mark K, Bauke, Kevin, Lieuwe, Sietse, Wessel, Bote, Frank, Inne, Jelmer, Jildert, Mark P, Piter en Tsjipke (?).

SDS 4 nei Hylpen

Hylpen 2 is de tsjinstanner fan SDS 4. Om 14.30 soenen se ôftraapje yn Hylpen, mar doe waard 12.30 oere, mar no wurdt it dochs wer 14.30 oere. Dizze manne fertrekke om 13.30 oere nei de moaiste kantine fan Fryslân om harren dêrnei stadich oan te ferklaaien;
Jeffrey, Gerben, Arjan, Halbe, Eeltje, Allert, Jorrit, Michael, Leon, Thomas, Gert-Jan(?), Jurjen en Ate Schaap.

SDS 5 hat in streekderby

Foar SDS 5 stiet er ek al wat op it programma sneon. Sy spylje foar de punten mar foaral ek foar de ear tsjin Nijland 4. No mar hoopje dat de trainingsleaze wiken/moannen/jierren fertúten dien hawwe. Lykas oars. Dit is de seleksje dy’t om 13.45 oere yn de boks ferwachte wurdt:
Niels, Robin, Willem, Doede-Douwe, Gert-Jan, Harm, Henk, Ids, Kerst, Klaas, Peter, Robert, Ronny, Syb en Tjeerd.

Efkes Balje

Fansels wurdt der fannejûn by SDS ek wer Efkes Balle.

Gjin bekerwedstriden mear

At er noch teams fan SDS yn de bekerstriid sitte, witte wij sa net, mar it is wol dúdlik wurden dat alle bekerwedstriden net mear trochgean. Om romte te krijen yn de kalender om kompetysje foarrang te jaan

Dochs wol neikompetysje

Hjoed hat de KNVB besletten mei in nij kompetysjeprogramma te kommen foar de A-kategory. Dat giet by SDS om SDS 1, 2 en Vr.1 It hiele kompetysjeskema giet om en nije wike en nije wike oer binne der ynhelwedstriden. It doel is om oan it ein fan it seizoen al in neikompetysje te hâlden. Dit is de nije spyldagenkalinder foar de A-kategory: https://www.knvb.nl/downloads/bestand/26824/restant-kalender-2021-22

Nij programma SDS 1

De KNVB hat dus besletten foar de A-kategory in nij spylskema te meitsjen. Yn it koart foar SDS 1 betsjut it dat der fanôf nije wike twa ynhelsneonen binne en dêrnei mei SDS 1 eltse sneon balje oant en mei 4 juny. Der is ien programma troch de wike (10/11 maaie). SDS 1 moat op 5 of 12 febrewaris ynhelje út tsjin Scharnegoutum 1. De KNVB sil de kommende dagen it offisjele programma wol bekend meitsje. Dit jild dan ek foar SDS 2 en Vr.1.

Harsens derby (2343)

By it EK-futsal is it by tiden genietsjen: