Sneon 29-1-2022

Weppers freed 28-1-2022
28 januari 2022
SDS 1 – QVC 1 yn byld
30 januari 2022

It giet wer los sneon.
Tal fan kompetysjewedstriden yn kategory B en in oefenwedstriid  fan SDS 1 tsjin QVC om 14.30 oere.
In pear wedstriden geane net troch troch Koronagefallen by de tsjinstanner.

Wolkom werom op it sportpark want elkenien mei wer bij it fuotbal sjen.
De kantine is ek wer iepen foar elkenien mei in QR-koade, mar der meie mar maksimaal 35 lju yn.

09:00 ST SDS/Nijland JO15-2JM – LSC 1890 JO15-3 g.n.t.
09:00 SDS JO11-1 – SJO DFC JO11-2
09:00 SDS JO9-2 – Tzum JO9-1JM 9-2
10:00 SDS JO8-1 – Oeverzwaluwen JO8-1 6-2
10:45 ST SDS/Nijland JO17-1 – vv Sneek Wit Zwart JO17-2 g.n.t.
11:00 ST SDS/Nijland JO13-1 – Akkrum JO13-1 3-0
14:30 SDS 5 – vv Nijland 4 6-1
14:30 SDS 1 – QVC 1 4-4
08:50 Zeerobben JO12-2 – SDS JO12-1 5-4
09:00 Kollum JO15-1 – ST SDS/Nijland JO15-1 4-1
09:00 Irnsum JO9-1 – SDS JO9-1 8-5
09:00 NOK JO8-1 – SDS JO8-2 g.n.t.
10:00 Leeuwarder Zwaluwen JO10-2 – SDS JO10-1 g.n.t.
12:00 S.F. Deinum JO19-1 – ST SDS Nijland JO19-1 8-0
12:15 SC Joure 4 – SDS 3 1-3
14:30 Hielpen 2 – SDS 4 1-2

 

Enervearjend skoareferrin bij SDS 1

It skoareboerd kaam wol oan syn trekken hjoed. Mar leafst 8 kear moast de wiisfinger der in doelpuntsje bij bydrukke.
QVC 1 hie de earste helte foar de wyn en profitearden dêr echt fan. It waard 0-1, 0-2 en sels 0-3. Noch foar it skoft makke SDS 1-3 en 2-3 (Peter).


Lourens brûkte de wyn ek bij in frije traap ek skeat de 3-3 skitterjend yn de lofter boppehoeke.
Efkes like Wesley van de Wint de matchwinner te wurden want hij makke de 4-3.
It waard lykwols noch 4-4.

SDS 2 frij

SDS 2 wie dit wykein noch frij en alle spilers dy ’t beskikber wienen waarden ferdielt oer SDS 1, 3, 4, 5 en de JO19-1. De KNVB is noch drok dwaande mei it nije programma fan SDS 2. Heechstwierskynlik is SDS 2 nei hjoed noch twa sneonen frij.

Sc Joure 4 – SDS 3 1-3

SDS 3 slúte de earste helte fan it seizoen ôf mei in ferlies by sc Joure 5 en dat siet de mannen net lekker. De earste helte wie foar SDS, mar it wienen de Jousters dy’t mei de wyn yn de rêch harren ienige kâns yn de earste helte fersulveren en op foarsprong kamen. Foar de rêst makke Kevin noch de 1-1. Yn de twadde helte doarde Tsjipke it mei de wyn yn de rêch wol oan om in frije traap yn ien kear te nimmen en dat die fertúten; 2-1 foar SDS. Foar Wessel Schraa waard it úteinlik noch dûbel feest, want hy slagge der yn om op syn jierdei de 3-1 te skoren.

Hylpen 2 – SDS 4 1-2

In moaie opstekker foar de mannen fan SDS 4. Nei de hiele wike der alles oan dien om de seleksje kompleet te krijen heake lieder Gert-Jan Hessels op it lêst noch siik ôf. Lokkich genôch koenen op it lêst Ate Schaap fan de JO17 en Tsjitse Postma noch tafoegd wurde oan de seleksje om dit gat op te fullen en dat die fertúten. SDS 4 wûn mei troch twa goals fan Ate Schaap mei 2-1 en it bleaun noch lang ûnrêstich yn Hylpen, wêr skiedsrjochter André Bons fansels in foutleaze wedstriid floot.

Doelpuntenmakker Ate Schaap yn aksje tsjin Hielpen

Moaie foto’s fan dit duel binne hjir te sjen

SDS 5 – Nijland 4

De streekderby stie by de rêst op 1-1 neidat Syb mei in ôfstânsskot op de wyn der 1-0 fan makke hie en Nijlân efkes letter de 1-1.
Yn de twadde helte hie Nijlân de wyn yn de rêch en dat levere wat kânskes op, mar SDS makke yn in goed lyts kertierke in ein oan de Nijlanner hoop. Robert ‘dry january’ Sijbesma stiet dochs net hielendal drûch yn jannewaris, want makke der knap 2-1 fan en Robin en Henk sels 3-1 en 4-1. Uteinlik makke Robert der sels noch 5-1 fan en dêrmei miskien in goeie reden om der in ‘dry february’ oan fêst te knoopjen.

SDS JO13- 1 wint

Undanks dizze prachtige redding fan de doelman fan Akkrum JO13-1 wist SDS JO13 mei 3-0 te winnen

SDS JO 8-1 wint

Yn de wedstriid SDS JO8-1 tsjin Oeverzwaluwen JO 8-1 mocht Sven Sijbesma in frije traap nimme neidat hij sels flink ûnderút helle wie (syn heit Robert fûn it in swalbe). Sels efter de bal, ploechgenoaten yn de buert en de tsjinstanners op de line. It wurdt in doelpunt ….. mar wêr is dy bal ?

SDS JO9-2 – Tzum JO9-1JM

Vandaag na een lange tijd weer een wedstrijd. Door de welbekende reden hadden de boys (en girl) zelfs niet in de zaal gevoetbald.

“Eindelijk” weer los, en met publiek!!! Dus ouders, pakes en/of beppes weet langs de kant, gelukkig, want dan is het altijd leuker om ff te voetballen. Op de training kom je al zien dat het team “groeid”.
Prachtig om te zien dat ze aanwijzingen steeds beter snappen en opvolgen.
Er komt echt lijn in de achterhoede, middenveld en aanval, en je kan echt zien wie op welke positie het lekkerste en beste voetbalt. Top. Daardoor hadden we vandaag weinig moeite met Tsjom, mooie aanvallen, goed samenspel en dan is het “eenvoudig” om te scoren.
Met rust 5-0 voor, alle goals na goed voetbal gescoord door Bouke. Eindstand 12-1.
Fantastische team prestatie, en iedereen top, maar dat Bouke als middenvelder 8!!!! X scoord mag absoluut vermeld worden, dan sta je vaak op de juiste plaats op het juiste moment. Helaas was Jeroen vandaag niet aanwezig, maar zijn vervanger, de vader van Sven nam dat over. Toppie. 
Boudewijn Kramer

Traine


At je net op sneon hoege te baljen dan kinne je altyd noch efkes traine.
Luka die dat  mei de jeugd fan SDS JO10-1 dy’t net hoechden te baljen omdat de tsjinstanner ôfbelle.

Efkes Balje

At op freedtemoarn om 5.55 myn horloazje begjint te triljen wylst ik noch yn de REM sliep sit, wit ik gelyk dat it in Efkes Baller is dy’t oanjout dat hij der is.
Ferrie Korbach docht dus de foarset en 10 oaren kopten him oerdei op fatsoenlike tiden yn. Dus koene wij mei 11 man wer los.
Sa fit as hoantsen gie it los, want it wie dúdlik dat nimmen stil sieten hie yn de fuotballeaze moannen.
Kerst fielde him sels sa fit, dat hij de folgejnde dei ek noch mei dwaan sil bij SDS 5.
Moai dat ek Frank Rijpma him wer melde en dat hij neat ferlern hie oan skotkrêft dat hij foaral teste op de latte en de peallen.
Waarman Harrie wie der ek en hij hold de wyn yn de gaten en seach it foardiel foar de oare partij en easke in wiksels fan fjild op
Foar Johan Heerma waard it wat in pynlik oerke.
Mei it draven kin hij heale maratons oan en krijt hij de iene kudo nei de oare yn Strava mar mei de bal oan de gong wurdt syn “sliepende” blessure al gau wer wekker.
De jonge Sjirk Vellinga helle de gemiddelde leeftijd aardich omleech en skroefde it tempo flink omheech.
De bolling fan de bol spile troch al dat gedoch ferline wike ynienen ek in rol bij yn/út ballen.
Doelline technlogy hie ek moai west mar it beslissende doelpunt hie in moaie testsaak west.
Sipke Hiemstra die net muoilik en skoarde in minút letter de belissende dochs noch nei in strakke foarset fan de superfitte Ferrie.
Nije wike hoopje wij der wer te wêzen en der kinne noch wol in par bij. Dus efkes lekker balje kin op freedtejûn.
De 5 hesjemannen: Harry, Sjirk, Kerst, Folkert Rients en Menno
Sûnder hesjemannen: Wouter, Sipke, Johan, Frank, Ferrie en Aant