Weppers freed 27-11

Seleksjes sneon 28-11
26 november 2015
Ut- en ferslaggen 28-11
27 november 2015

Net Efkes Balje
Nei dizze reinige en dêrtroch wiete wike is it better  dat der net balle wurdt. It fjild krijt tefolle op syn bealch….

Programma
It programma fan sneon kinne jim
hjir sjen. Nijsgjirrich streekderbypotsje is fansels Oosterlittens VR1 – SDS Vr1. Om 14.00 oere yn Littens.
Ek nijsgjirrich sil de striid wurde yn Aldehaske. Sjit SDS 1 de ballen yn it doel en komme se mei trije breanedige punten werom of sjitte se foaral op “de baarch yn de beam?”

Opfallend
Justerjûn waarden de seleksjes gearstald en de ferwachtingen wienen striemin. Mei in bult blessures en in lytse skorsing (Erik Haitsma, 1 wedstryd) soe it wolris sa wêze kinne dat inkelde teams net fuotbalje kinne.
Úteinlik wie alles oars. Alle senioarenteams hawwe moarn gemiddeld mear as 15 man. Soe dit der miskien mei te meitsjen hawwe dat it hast wol 100% wis is dat der moarn fuotballe wurdt? SDS 1, 2 en A1 moatte op keunstgers en SDS 3 spilet yn Harns op keunstgers tsjin Zeerobben as it yn Easterein net trochgean kin.

SDS-klean sneon te keap yn de kantine
Sinterklaas kin sneon yn de kantine fan 9.00-10.30 oere wer folop SDS-klean keapje!

Grapke
De Skotten hâlde wol fan in grapke en witte krekt hoe’t se Ajax fans irriteare kinne.Sjoch
hjir

Muzyk
At de fuotbalsneon foarbij is kin it best wol leuk wêze om de snein de muzyk op te sykjen. Dat kin yn
Easterein (Bluesbusters) en yn Mantgum want dêr hâldt de sympatike stifting Doch dyn dream in benefytmiddei  mei Lazy Lads om jild te garjen foar in skoalle yn Kenia.

Muzyk (2)
Nei in drege fuotbalmiddei is it ek wol noflik om efkes wat muzyk op te sykjen. Mocht der noch wat lucht oer wêze dan is de kans grut dat sneontejûn ien fan de wepmasters stiet te dûnsjen by it stiif útferkochte konsert fan de Toy Dolls yn it Bolwurk yn Snits (klik hjir).

Harsens derby (1632)
Wy tinke dat 95% fan de SDS-leden minder faak heechhâlde kin as dizze jone dame fan 90 jier: