Weppers freed 26-9

Seleksjes 27-9
26 september 2008
Utslaggen sneon 27-9
26 september 2008

Seleksjes sneon
Hjir kinne jim alle herensenioareseleksjes fine foar moarn, mar ek dy fan de SDS-froulju en dy fan SDS A1.

SDS 1- Nijland 1
Moarn is de derby fan de greidhoeke yn Easterein. Voetbalnoord sette wer
wat op in in rige fan beide klups en omdat Nijlân dy al op de side stean hat, hoege wij allinne dêr mar in link nei te meitsjen.

Wedstrydsponsers
Elke wedstryd fan SDS 1 hat twa wedstrydsponsers. Moarn binne dat M. van Kammen cateringservice en Hanzedruk út Boalsert.

SDS League
Hjoed en moarn kinne jim de SDS League noch ynleverje.
Hjir kinne jim der alles oer fine. Stjoer se op, mail se, smyt him by Durk of Willem troch de doar of nim him moarn mei nei de kantine. Om op 100 dielnimmers te kommen moatte wy noch 66 hawwe. Ús erfaring is dat dat yn ien dei lukke moat. Ynfulle dus!

SDS – Nijland-pool!
Yn gearwurking mei de wepmaster fan vv Nijland wolle wy graach in pooltsje opsette foar de derby fan sneon tusken SDS en Nijland. Mail ús de rêst- en einstân en wy binne benijd wa ’t der gelyk krijt.
Mail ús jo foarsizzing! Mail nei
info@vv-sds.nl.

Fitraazje
Yn de gong fan de kantine stiet in grutte fitraazjekast. De iene helte wurdt fuld troch SDS en op dit momint binne alle ferkeapartikelen fan SDS dêr te sjen litten.

Ferkeap
It wurdt tongersdeitejûns hieltyd drokker yn de kantine. Dat komt omdat der ek wat oare aktiviteiten binne as in drankje keapje nei it trainen. Sa hie Jaap Toering him tongersdeitemoarn fersliept en syn baas sei dat er de oeren de selde deis ynhelje moast. Der wie mar ien oplossing. Fuotbalskuon meinimme nei de kantine en dêr ferkeapje. Hij die goeie saken hawwe wij begrepen en binnenkoart ferwachtsje wij ien fan de froulju dy’t de mannen knipt, Ype T dy’t sân-mileslearzens fan de Welkoop ferkeapet, Anne of Rinse dy’t in huzenpresintaasje hâldt en de CD hannel fan Bas de Haan. Foar takem jier stiet Ivo op it programma mei luxe Resi sitstuollen en mollefeltsjes fan Stoffel.

21 man
SDS 4 en SDS 5 binne no al in wike as 6 oan it trainen en de opkomst bliuwt super goed. Mei 21 man koene der 4 partijtsjes makke wurde en yn in ûnderlinge kompetysje waarden Tjeerd, Auke, Piet, Ype en in goaltsjewachter waarden de winners.

Goaltsjewachter?
Wij woene gjin nammen neame want it is net iets om echt grutsk op te wêzen, mar ja at hij dan sels reageart:
Aant do siest toch bij die oare ploech???
Harm Auke

Folkert Rients
Hij wie al wer te trainen. Hij hie muoite mei it tempo en it doel. Syn eigen wurden: “It nivo te heech en it doel te leech.”

Âld-feinten
De klup fan âldfeinten hat kommende snein wer in moeting mei as doel de KF Easterein te stypjen. Sy hawwe dit jier wer spesjale aktiviteiten lykas as in fiskwedstryd, klaverjassen en it NK BH-smite(sjoch
hjir). De organisaasje hopet op in soad dielname fan sawol manlju as froulju.

Feyenoord ferlern
Hjalmar Ruiter is Ajax-supporter en hat dus neat mei Feyenoord. Hy wie der dan ek net rauwich om dat Feyenoord foarige wike yn de UEFA-cup “dik”(Hjalmar syn wurden) ferlear fan dy Sweden. Wat wie de útslach ek alwer: “Feyenoord – Hjalmar FF 0-1″…………


Letter hjoed mear!