Weppers freed 26-6

Weppers tongersdei 25-6
25 juni 2009
Weppers sneon 27-6
26 juni 2009

Matinee
Wy sille hjoed fêst net folle besikers hawwe op de side. Alle Eastereinders sitte hjoed ommers op it matinee. Foar wa ’t net wit hoe ’t dat yn Easterein giet moat dit filmke mar efkes besjen.

Fan herte lokwinske!
De keeper, stopper, back, heal en spits, Pieter Groenveld is hjoed jierdei. Fan herte lokwinske! Jim kinne him jûn yn de tinte fan Easterein wol efkes lokwinskje!

Treffer on-line
De nijste Treffer kinne jim no ek wer ris fia de webside besjen. Sjoch hjir dus foar it bewarnûmer fan de Treffer mei in útgebreide weromblik op it seizoen 2008-2009.


Oare sporten
Wy hienen it fan ‘e wike oer SDS’ers dy ’t oare sporten dogge. Hjir kinne jim in hiel soad SDS’ers sjen dy ’t oan it “roeien” binne, mar wy wisten wol dat sy dat yn Easterein ien kear per jier dogge. Wy wisten net dat Hendrik Engbrenghof oan “knikkerjen foar folwoeksenen” die. Hjir is it bewiis:


Lucky
Hoesa in lucky-goal?



Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!