Weppers sneon 27-6

Weppers freed 26-6
26 juni 2009
Weppers snein 28-6
28 juni 2009

Wa binne dat?

It Horekaskeatsen hat ek al wer west. Bij de priiswinners ûntdekten wij in bysûnder partoer. Efkes tochten wij oan twa ús bekinde SDS-ers, mar wij herkenden neat fan dy omskriuwing.
Wat ek opfalt is dat Skelte Anema in echte kaféhopper is.

Kwyt
Dy Eastereiner Feesten binne best genôch, mar as Wommelser moatte je ek altiten mar wer nei hûs ta fytse midden yn de nacht. Foar ien fan de wepmasters(dy sûnder burd) wie dat wat in probleem. It fytsen gie sa moai as wat oan ’t hy op de helte mei ien traper fierder moast. De traper fan de nije fyts(noch gjin 2 moannen âld) foel der samar ôf en wie net mear te finen. Ek de folgende deis net. Wa ’t him al fûn hat mei wol efkes maile nei info@vv-sds.nl.

Mei ien traper kom je der dochs ek wol.

Reedridende SDS-ers

Mei sa’n winter kin it net misse dat wij ek wat reedridende SDS-ers op in foto sjogge. Idsert Wijnja en, Inne Heerma dogge hjir it kopwurk foar Tsjipke Klaas Okkema. Idsert en Inne traine winters bij de Ferwerter Iisklup. 

Hurdrinnende SDS-er

Fan Siets van der Horst krigen wij ek in leuke reaksje oer soan Kees:
Tijdens  de Leeuwarder marathon 2009 loopt Kees van der Horst van (toekomstige) E3 mee met de kidsrun.
Van de ruim 400 deelnemertjes werd hij 18 van de jongens, beste prestatie!  Kees is startnummer 5033.
(helaas is de foto van matige kwaliteit-red)

Aad
Yn de Volkskrante steane sa no en dan aardige riedsels. “
Deze trainer is geen vriend van Geert Wilders”.
Antwurd: Aad de Moslim.

Gjin 5 tsjin 5 mar 0 tsjin 0
Neffens eardere berjochtjouwing wie der hjoed in 5 tsjin 5 toernooi yn Wommels. Wij wiene der op tiid om in moaie reportaazje te meitsjen. Wij seagen allinne in iensume
seefûgel. De plannen binne feroare?

Better
Sa ’t wy earder al melden hawwe wy net folle mei dy Confederations Cup. Wy sjogge folle leaver nei it EK ûnder de 21. Juster wie b.f. de thriller tusken Ingelân en Sweden. Ingelân kaam mei 3-0 foar mar hie doe noch lang net wûn:

Hjoed of moarn mear!