Weppers freed 26-2-2021

Foto’s mei Jappie
25 februari 2021
Jongste jeugd hat wer lekker balle
28 februari 2021

Fuotbalsneon

Moarn wurdt der wer folop fuotballe troch de SDS-jeugd. It begjint mei de SDS-Minileague. Sy sille om 9 oere los mei in 3 tsjin 3-toernoai. Oftewol 3×3=9 oere los.

Fuotbalsneon

Om 10.45 oere sille de jongelju fan de JO17 en JO15 mei syn allen tsjinelkoar oefenje.

O26

No ’t de lju ûnder de 27 jier wer fuotbalje meie is it de bedoeling om nije wike tongersdei te trainen mei de jongens fan 26 jier en jonger fan SDS 1, 2 en de JO19(de twaddejiers). De earstejiers spilers fan de JO19 komme dan by de JO17. Dit alfêst mei it each op folgend seizoen.

SDS-auto

No ’t der yn de Korona-tiid guon SDS’ers ferhúze binne nei Ljouwert, en de bus fan Ljouwert nei Easterein net rydt, wurdt de SDS-auto wer fan stâl helle. Wheagan Multicarservice sil him APK-keure en dan sille jim dizze SDS-auto ynkoarten wer riden sjen.

1 april……..

Fanôf 2 maart mei elkenien fan 26 jier en jonger wer sûnder restriksjes meielkoar balje. Dat is prachtich foar de lju dy ’t 26 jier en jonger binne, mar tige spitich foar de lju dy ’t 27 jier en âlder binne. En foar Jesse van der Weide. Jesse is 26 jier en mei fan 2 maart oant 1 april fuotbalje…….. dan wurdt hy 27…..

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhuhuhhh!

De lieder fan SDS 2, Rick Hendriks, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Alde teamfoto’s

Hawwe jim noch âlde SDS-teamfoto’s lizzen dan binne wy hjir tige nijsgjirrich nei. Lis se ûnder de scanner en maile se nei info@vv-sds.nl. Alfêst tige by tige!

Harsens derby (2287)

Somtiden haw je it gefoel tsjin 12 man te baljen…….. Somtiden is dat ek sa 😉