Weppers freed 26-11

SDS League: De wykpriis wurdt dield!
26 november 2010
Seleksjes sneon 27-11
26 november 2010

Lotting OFK
Yn jannewaris wurdt it OFK(foarhinne Midwintercup) ferspile yn sporthal de Trije yn Frjentsjer. Wy hawwe de lotting fûn op de webside fan Exstador. It sjocht der sa(sjoch by “laatste nieuws) út.
Mei nammen SDS seal hat in dreech lot:
Poule G:
F.V.C
.
Avanti
S.D.S. zaal
Oeverzwaluwen
Ropta Boys
C.V.O.
Poule J:
Trynwalden zaal
v.v.D.T.D.
S.D.S. veld
v.v.Harlingen
Wardy
Balk zaal

De SDS-froulju hawwe miskien noch wol it dreechst lotten:
Poule S:
Futsal Heerenveen
ONS Sneek zaal
HZVV
SDS
Workum veld
SC Veenwouden
Sjoch hjir foar de hiele lotting foar de froulju.

Sinteklazekado
Foar in moai Sinterklaze kado.
Dit hat SDS op foarrie.
IMG_7139.JPG
Rêgsek (7 stiks) 27,- 
rechts.JPG
Fuotbaltas. (20 stiks) 33,-
Skilje
332500
Douwe Reitsma

Lêste berjocht oer de Grutte Klup Aksje 2010!
Hjoed hat de trekking west. Jim kinne it neilêze op
www.groteclubactie.nl
De lotnoemers 1019301 o.e.m 109675 binne by SDS ferkocht.
Dêr binne gjin grutte prizen op fallen, mar it hat foar SDS wol € 782 opsmiten.
Allegearre tige tank foar it keapjen fan de lotten.
Gr. Immie

Seleksjes
Sneon is der in beheind programma. Wij tinke dat der hjoed seleksjes bekend wurde.

Liftwedstriid
Oan de ein fan dit jier sil der wer in liftwedstriid holden wurde fanút Wommels. Ek no dogge der wer prominente SDS-ers mei. Wij sjogge Sytse Hibma (SDS 6) en Sjoerd van Beem (SDS 1 o.e.m 6) yn alle gefallen al op de list stean. De wedstriid is foar de 10de kear en giet dit jier nei…………

El Classico
Dirk-Yde Sjaarda sil dit wykein mei syn freondinne Imke derop út. Efkes gjin fuotbal, dus geane sy mar efkes nei Barcelona. Hiel tafallich is no kommende moandei krekt “El Classico” Barcelona – Real Madrid. Soe it Dirk-Yde noch slagje om kaarten te krijen? Sy binne noch wol te krijen…….

Kollum
Wy meie graach it AD lêze en dan mei nammen om de prachtige kollums fan Hugo Borst (sa no en dan) en Sjoerd Mossou (hast altiten). Dizze is wer tige de muoite wurdich.

Harsens derby (341)
Yn Fryslân hawwe wy
Oscar Zijlstra. Yn Brazilië hawwe sy no Airton: