Weppers freed 24-9

SDS League: Appie pakt wykpriis!
23 september 2010
Seleksjes sneon 25-9
23 september 2010

Treffers klear

Fannemoarn waarden de Treffers nei de ferskillende minsken brocht dy’t soargje foar de fersprieding. Gelf Eringa wie ien fan de earsten dy’t de nije Treffer (it bewarnûmer) yn hannen krige. Hij soarget foar fersprieding yn Spannum en bringt de Treffers fan Winsum bij Sybren, dy’t in loopke troch Winsum docht.

Tsj
instanner bang?
F1 koe dizze wike harren gelok net op. Traine mei Fritz Korbach. Mar de tsjinstanners binne ek net blyn en dom. Sij seagen dit oan en hawwe mar besletten om ôf te beljen. F1 fuotballet sneon dus net.

D1 nijsflits

D1 (Tjerk yn dit gefal) hat foar dizze gelegenheid in aardich affysje makke. Klik op it printsje foar in fergrutting.

Earder
Troch it útfallen fan F1 is der wat romte yn it programma. Dat betsjut dat C2, D2 en SDS 3 in heal oere earder spylje dan earder oankundige wie. Letter hjoed it folsleine programma.
Wij merke op dat André tongersdei trochjûn hat dat SDS 2 earder spilet, mar dat út it briefke fan tongersdeitejûn bliken docht dat it SDS 3 is….Wa’t it echt wit mei it sizze)

Kaarten
Der waard justerjûn oan trije tafels klaverjast. Wij binne foaral benijd hokker Bruinsma it heechste einige is: pake, beppe, soan of pakkesizzer.

Seleksjes
Mei wat passen en mjitten binne de seleksjes fan de senioren wer fêststeld. It kin gjin ôfsizzingen  mear lije. Letter op de moarn de seleksjes.

In jonkje
Robert Sijbesma hie juster foar it earst bartsjinst op tongersdeitejûn. Dat gie him maklik ôf. En de barkeepershumor dy hat hij him fluch efkes eigen makke. Abe Stegenga komt bij de bar en freget om twa jonkjes en ien Rivella. “Dêr is it iene jonkje  (en hij wiist nei Harm Auke) en de oare pak ik efkes”.

Reade bulten
Je kinne soms mei rare blessures út in oefenwedstriid komme. Sels at je oan de kant rinne. Sytse Kooistra flagge tiisdeitejûn bij SDS 2 yn Aldegea. De miggen wiene in pleach foar him. Syn kûten wurde no teistere troch grutte reade bulten dy’t flink jokje.

Al wer in priis
It liket net op te kinnen foar Wesley Sneijder. Neffens himsels hat hij yn de leafde de haadpriis wûn, fuotballe hij ek wat prizen bijelkoar en no wurdt hij nominearre foar al wer
in priis.

Harsens derby(300)
Dizze ferdediger lit in raar pûpke: