SDS League: Appie pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 23-9
22 september 2010
Weppers freed 24-9
23 september 2010

It is dúdlik de wike fan de Posthumussen(of is it yn it Fryske de Posthumosken?). Jelmer pakt mei “Postmeister” de kopposysje en Appie pakt mei “De Wrotters” de wykpriis en in kreas 2e plak. Ek Gearard stiet net gek mei “De Avonturen van Siem & Luuk” op nûmer 7. En sels Arjan makket in klinke klapper troch mei “Natte Arie” te stijgen fan 53 nei 28.

vooroefene 2e seizoenshelft:P
“Postmeister” pakt de kopposysje.

Bla bla blafke” fan Ate Feike de Boer yt dizze wike hapklare brokken. Hy pakt mar leafst 54 punten en giet fan in kansloos 39e nei in 5e plak. En dat yn in wike wêr ’t Feyenoord fan Ajax ferliest. Wy hoopje dat dit it leed wat fersachtet.

Yward Zijlstra die ’t yn de earste wike mar knap en pakte lyk de wykpriis. Hy moat no alle silen bysette, want hy faart yn ien kear fan it 1e nei it 49e plak mei mar 15 punten.

“Spilie, Dûse, Sûpe” fan Arjen Los en E.T. nimt de reade lantearn oer fan “Khistijaan”(Christiaan Hoekstra). It sit Arjen dizze wike dochs al net mei, want yn de oefenwedstryd tiisdei mei SDS 2 rekke syn finger ek noch “los” en moast hy nei it sikenhûs.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 2.