Weppers freed 24-11-2017

SDS-League: ‘De Terpies’ pakke alwer in wykpriis!
23 november 2017
Sneon 25-11-2017
24 november 2017

C14tour

Jûn is der in ynstruksje foar it nije trainen. Under de namme C14 wurde der op meardere plakken yn it lân ynstruksjes jûn. Foar Fryslân is dat yn Easterein. It begjint om 18.30 oere. As der noch SDS’ers binne dy ’t hjirby wêze wolle dan binne sy wolkom. Der is noch plak en it is fergees.

SDS-seal krekt ûnderút

SDS 1 ferlear woansdei mar krekt yn Heerenveen fan Futsal Heerenveen 2. SDS stie mei 1-0 foar, mar gie dochs mei 2-1 ûnderút. SDS skoorde út in penalty. SDS gie op it lêst noch foar in lykspul, mar de 4 minuten dy ’t de wedstryd stillein hie waarden der op it lêst nei bylutsen……..

SDS JO 17-2 jûn los

Op it programma jûn AVC JO17-1 tsjin SDS JO17-2.

SDS-klean te keap!

De Sint kin sneon wer telâne yn de kantine fan SDS. Douwe Dirk Reitsma hat de SDS-kleanwinkel wer iepen.  Tusken 10.00 en 11.30 oere.

SDS 1 moat wer in kear winne!

SDS 1 reizget sneon om 13.15 ôf nei it Hearrenfean. Dêr binne wer trije punten te heljen.  Dat wurdt ek wer ris tiid, in lekker oerwinning helje en wat is der no moaier om dat dêr te dwaan. Om 15.00 oere begjint it. Koach Marco Hoekstra nimt dizze seleksje mei:

Arjen Los, Bauke Dijkstra,  Erik Haitsma, Frank Bervoets,  Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong, Jaap Toering, Jacob Klaas Haitsma, Jelmer Posthumus,  Lourens van der Pol,  Matthijs Postma, Remco Hylkema en Wiebe Heeres.

Supporters mei?

Gerbrand Kramer en Luka van der Weg wolle hiel graach SDS 1 moarn nei in oerwinning skreeuwe yn Heerenveen, mar hawwe noch gjin ferfier. Wa soe dizze mannen meinimme kinne? Mail nei hermanenria2@home.nl.

Kin SDS 2 it thúspublyk fermeitsje?

Balk 2 is de tsjinstanner fan SDS 2. Ek in middenmoter. Om 15.00 oere yn Easterein mei dizze seleksje:

Gertjan, Anne Stenekes, Bote Strikwerda, Dirk de Jong, Feite de Haan, Gerrit Flisijn, Hendrik Engbrenghof, Jesse van der Weide, Jildert van der Werf, Jort Strikwerda,  Jurjen Los, Piter van der Pol, , Wiebe Vellenga en Willem Wijnia.

Kin SDS 3 de druk oan fan in streekderby?

At it waard it wat talit dan sil op it B-fjild om 14.30 de wedstriid SDS 3 – WPB 4 spile wurde. Dizze mannen hawwe der sa as altyd sin oan en binne der om 13.45:

Anco Elgersma, Auke Hiemstra, Gertjan Hiemstra, Hans van der Schaar, Harm Stremler, Ids Boersma, Jan-Simon Jelsma, Klaas van der Weg, Peter Sybesma, Pieter Kamstra, Pieter Liuwe van der Valk, Robert Sijbesma, Wichard Deinum en Ype Tiemersma.

Is SDS 4 de klap te boppe kaam?

Mei 3-0 foarstean en mei 3-6 ferlieze dat kin in klap jaan fan jewelste yn it selsbetrouen. It kin ek it begjinpunt wêze om ekstra motivearre te wêzen. Op ‘e Lemmer sille se it sneon sjen kinne want om 14.30 oere treedt CVVO 4 oan tsjin SDS 4. Dizze mannen sille it moarn dwaan:
Igor, Jelle, Rickiekiekie, Klaas-Bouke, Doede S. Ruun, Sytse, Gert-Jan, Tjeerd, Wifi, Johan, Jorrit, Ids en Jelmer B.

Harsens derby (1951)

Ho…………