Weppers freed 22-6

Weppers tongersdei 21-6
20 juni 2012
Weppers sneon 24-6
23 juni 2012

SDS EK-League
De SDS EK-League hat der 25 wedstriden opsitten. Sjoch hjir foar de aldernijste stân (gean nei “vv SDS” en druk op “stand”).
Jan “Bulder” stiet boppe-oan yn de SDS EK-League, mar de topper fan juster wie Richt Folkerts. Sij wie de ienige dy’t Tsjechië-Portugal as wedstriid foarsein (dat binne twa kear seis punten) hie en sij hie de toto goed (5 punten) en de 0 doelpunten fan Tsjechie (3 punten). Totaal 20 punten en in maksimale skoare is 23 per wedstriid.
Foar Dooitze makket it allegear neat út. Foarrondes of kwartfinales hij bliuwt stiif ûnderoan.
Foar jûn is Dooitze mei Bas van der Weij de ienige dy ’t in 2 ynfuld hawwe op it toto-formulier. Dan soenen de Griken dus winne fan de Dútsers.

Fan herte lokwinske!
Rudy Dijkstra en Baukje-Wytske Bakker sille hjoed troue. Wy winskje harren in noflike dei ta en mar fêst fan herte lokwinske!

Fan herte lokwinske
De jierdeilokwinsken binne hjoed foar Carmen Venema en Bote Jellema.  Sij wurdt 13 en hij wurdt 15.

Efkes Balje
We kinne jûn noch best ien poging dwaan om Efkes te Baljen. It soe moai dat alle leafhawwers noch in kear komme sadat wij it ek oer it ferfolch ha kinne. Want wurdt it te folle griemen om nôch spilers te krijen dan kinne wij better in perioade stoppe om it ein augustus wer op te pakken. Dus komme, it fjild leit der yn alle gefallen moai bij. Jûn 19.30 oere.


Fine wy leuk
“Balotelli he ’s a striker”. Kloppet, en ferdomde lui………..


Ek wol aardich
Griekenland

Graspop
Ien fan de wepmasters is it wykein fan de pôle. Hy mist it gêrs sa. Om dêr wat oan te dwaan giet hy fansels nei Graspop………………

Harsens derby (795)
Heechstwierskynlik wit hy oer 10 jier net mear wa ’t der mei dit Nederlands alvetal meidienen dit EK: