Weppers freed 21-11

Seleksjes sneon 22-11
20 november 2014
Ut- en ferslaggen 22-11
20 november 2014

Froulju sykje leider
De froulju fan Vr.2 binne drok op syk nei in leider. Oftewol ien dy ’t harren sneons begeliede kin by de wedstriden. Wa liket dit wat? Mail nei info@vv-sds.nl!

Efkes Balje
It kin wer wurde jûn. Efkes Balje goed foar geast en lea. 19.30 wurde de hesjes ferdield.

SVM
In kenner út Marknesse hat efkes foarútsjoen nei de wedstriid SVM 1 – SDS 1. Sjoch
hjir.

Pieter Galema
 
Yn de seleksje fan SVM komme wij in “bekende” namme tsjin, seker yn Spannum.  Pieter Galema is in soan fan âld SDS spiler Cats Galema fan Spannum en fan Alie Zijlstra fan Easterein. Sij binne al moai wat jierren lyn ferhúze nei Bloksyl en omdat dy klup wat leech spilet is soan Pieter oerstapt nei SVM.

Spulsysteem
Al jierren fuotballet SDS 2 yn itselde spulsysteem. It saneamde “krystbeam-model” fan Co Adriaanse. Moarn sille se yn in iets oar systeem fuotbalje. Sis mar yn it “sek fan Sinterklaas-systeem”. En dan mei de punt nei efter………

Sinterklaaslotsjen
De lotsjes foar it Sinterklaasjen fan SDS 2 binne lutsen! No moarn net lyk oan eltsenien freegje wa ’t wa hat, want dat seit dochs net ien. Ek hoefe jim net te freegjen wat eltsenien op it ferlanglistje stean hat, want dat kinne mar twa dingen wêze: SDS-sokken en………

En fansels de nije SDS-sjaal!

Movember
Om oandacht te freegjen foar prostaatkanker dogge wy wy as SDS ek wat mei Movember. Inkelde SDS’ers binne drok oan it sparjen foar in krease snor. Wy ferwachtsje ynkoarten yn elts gefal foto’s fan Jeroen Brouwer, Skelte Anema, Jaap Toering, Elger Turksma, Enne Bruinsma en ien fan de wepmasters. Dy foto fan Elger sil wol op 30 novimber komme en wy binne tige benijd as by dy wepmaster dan it burd derôf giet of by dy oare it hier……

Alderaardichst
Robben helpt by romjen.
fashion2

Harsens derby(1377)
Knappe omhaal!


Letter miskien wol mear!