Ut- en ferslaggen 22-11

Weppers freed 21-11
20 november 2014
Weppers snein 23-11
23 november 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen e-n skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

       útslach
09:00 SDS MD1 Minnertsga MD1  6-2
09:00 SDS E5 LSC 1890 E11  3-1
09:00 SDS E2 S.C. Stiens E3  8-6
10:15 SDS E3 Workum E3  1-4
10:15 SDS F2 FVC F5  1-1
10:30 SDS D3 LSC 1890 D5  1-3 
11:15 Minileague Minileague  
12:00 SDS C2 Leovardia C6  6-2
12:30 SDS VR1 Tzum VR1  2-2
14:30 SDS 5 Scharnegoutum’70 3  4-1
14:30 SDS VR2 Nicator VR1  5-2
09:00 Oudega/HJSC E1 SDS E1  1-2
09:00 Bakhuizen E1 SDS E4  4-1
09:00 Minnertsga F1 SDS F1  g.n.t.
10:30 Dronrijp/Foarut B1 SDS B1  1-4
10:30 SWZ  Sneek C2 SDS C1  5-2
10:50 Makkum B2 SDS B2  4-3
11:45 RES D1 SDS D1  2-3
12:00 Frisia A2 SDS A1  9-1
12:15 Zeerobben 2 SDS 2  3-1
14:30 SVM 1 SDS 1  2-3
14:30 S.C. Stiens 4 SDS 4  1-2

SDS lâns 10 man fan SV Marknesse
SDS moast nei de polder ta en dizze kear wie der dan ek net folle folk út Easterein. De leafhawwers dy’t der wol wiene seachen een iepen en wonderlik potje mei SDS úteinlik as winner: 2-3.
Yn de earste helte hiene beide ploechen goeie kânsen om de skoare te iepenjen. Dat slagge net oant in momint yn de blessuretiid. Jelmer Posthumus wie syn tsjinstander opnij te snel ôf en de spiler van SVM moast dat bekeapje mei syn twadde giele kaart. De frije traap skeat Tjipke Okkema fanôf râne sechtsjin yn de krúsing, 0-1 by de rêst.
Yn de twadde helte kamen de 10 man fan SVM as ‘pitbulls’ út de klaaiboxen. SDS ferlear in soad duels en dat resultearre al flug yn de 1-1. Yn de earste 10 minuten nei rêst hie SVM selfs kâns op mear doelpunten. Krekt toen de stoarm lizzen gongen wie en SDS ek kânsen krige skeat in spiler fan SVM fanôf seker 25 meter de bal yn de krúsing, 2-1. Nog een healoere op de klok foar SDS om wat oan de efterstân te dwaan. Erik wie al kommen foar de blesseerde Teun en Dirk kaam foar Bauke. SDS krige in protte balbesit, romte en de kânsen kamen ek. Healwei de twadde helte betsjinne Dirk de Jong syn broer Hendrik foar de 2-2. Erik miste dernei allinich foar de keeper, mar Jelmer Posthumus makke dernei fia de peal en keeper 2-3.
De feiliche fjirde goal kaam dernei mar net op it boerd en yn de lêste pear minuten wie it dan ek noch even ‘alle hens aan dek’. Dit koste Jacob-Klaas en Ewout een giele kaart, toch skoarde SVM net noch in kear en koe SDS mei trije punten nei hús, 2-3 einstân.
Grietzen

Zeerobben 2 – SDS 2   3-1

Op it keunstgers fan Zeerobben koe SDS 2 in helte goed meikomme. Der waard by flagen knap fuotballe en der wienen in oantal goede kânsen. Sa skeat Willem mei in pracht fan in skot op de krusing en rekke Pieter de peal.

Oan de oare kant kamen de Harnsers in pear kear akelich ticht by us goal nei moaie oanfallen. Kris Gaastra stie yn dy gefallen te plak. Hy keepte in prima wedstriid.

Nei de the hie trainer Mark van Eick in oar plan en dêr hienen wy gjin antwurd op. Zeerobben makke 3 goals, wêr ûnder in strafskop dy’t de fierder goed fluitende skiedsrjochter net hoechde te jaan.

Sjoerd de Vries makke uteinlik de earetreffer mei in geweldich ôfstânskot.
Sjoerd

sc Stiens 4 – SDS 4 1-2
Doelpunten fan Robert en de winnende fan Harm Auke

SDS 5 – Scharnegoutum 3
De prestaasjes fan SDS 5 krigen wij wer troch fan Bram van Beem fia in ynsprutsen ferslach.
Moaie waar, griene sjurts foar SDS en de 1-0 troch Remon Rameau, de 2-0 wie fan Arjan Hallema nei foarset fan Eeltje, it waard 2-1, Skearnegoutum rûkt oan de 2-2 mar it is Eeltsje Postma dy’t de 3-1 oantekent (perfekte lob) en de 4-1 wie fan Ruun (syn earste doelpunt bij de senioren fan SDS). Oanfierder Andries Lanting wie werom op it fjild nei in blessure en dat jilde ek foar Wouter Jan Postma.

Frisa A2 – SDS A1
De A’s moesten gisteren tegen Frisia A2.
Vooraf een goed gevoel bij de meeste, immers de geblesseerde spelers waren weer terug, behalve Wiebe, die heeft nog last van zijn enkel.
Maar dat liep anders. Sommige willen maar op 1 positie voetballen, en zo werkt dat niet in een teamsport, dus vlak voor aanvang nog de opstelling moeten wijzigen.
Of het daar van kwam, of aan de instelling ligt, geen idee, dat zou ook “te veel eer zijn”, feit is dat Frisia geen “wereldteam” heeft maar ons helemaal “zoek” speelde en geheel terecht met 9-1 won.
Een van onze schaarse aanvallen werd afgerond door Almar, meer kan er niet gezegd of geschreven worden  over deze wedstrijd.
Gauw vergeten, hopelijk volgende week ook Wiebe er weer bij, en op naar de koploper, thuis om 12.15.
Boudewijn

Dronrijp B1 – SDS B1
We moesten vandaag spelen tegen VV  Dronrijp B1.
De eerste helft gingen we gelijk op. Door een mooie aanval maakte Yward de 1 – 0, daarna hadden we er nog een aantal kansen achterna die we niet hadden gebruikt.  Toen kwam de 1 – 1 van Dronrijp, die was mooi ingetikt door de man waar Jorrit H. bij stond. Na 40 minuten spelen gingen we naar de box en kregen we een speech van Remco, die speech heeft wel effect gehad omdat er in de tweede helft nog 3 goals zijn gemaakt. Die zijn gemaakt door Yward met zijn mooie aanval, Mathijs met een mooi schot op het doel en een hele aardige speler van Dronrijp die een op maat gegeven voorzet van Yward er in de linkerhoek in schoot, hij stuurde de keeper even het land in met z’n mooie schot. Zo hebben wij een mooie 4 – 1 winst gemaakt tegen VV Dronrijp.
Jorrit

RES D1  –  SDS D1:   2  –  3
Wat kin in groepsapp makkelik wêze om berichtjes te sjoeren oer fan alles en noch wat.  Mar wat kin in groepsapp ek tsjin ús wurkje, at der op stiet dat we juster al  kampioen wurde koene.  Mar we wiene ôfhinkelik fan Oudega D1;  sy moasten punten lizze litte en wy  moasten dan winne.  Foar ús wedstriid wie it ús al dudlik dat Oudega  wún hie, dus koene wy juster al net mear kampioen wurde. Dochs siet dit bliikbar yn ‘e kopkes fan de jongens, want it fuotbal wie in stik minder as oars. Wol waard der hurd wurke en nei 10 minuten kamen we fertsjinne op foarsprong troch in prachtige goal fan Tjerk.  Geandewei de earste helte waard it spul fan SDS hieltiid minder. Ballen waarden net goed en te slap ynspyle,  der waard te folle romte fourtjun en efteryn foelen gatsjes.  Oan ‘e ein fan de earste helte makke RES de lykmakker, op dat stuit fertsjinne !!! Oan ‘e ein fan de earste helte noch kânsen oan beide kanten, maar 1 – 1 wie ek de reststân. De twadde helte wiene beide ploegen oan elkoar weage.  Wer kamen we op foarsprong troch in goal fan Tjerk,  nei in flaterke fan de keeper fan RES.  Dernei wie it wachtsjen op de beslissende 1 – 3, mar úndanks de grutte kansen, barde dit net.  En in alde fuotbalwet seit; at je sels net skoare dan docht de tsjinstannder dit wol. En dat is krekt wat barde, RES makke de 2 – 2. Mar de jongens fan SDS wiene net fan plan om gelyk te spyljen, en alles waard wer op de oanfal set.  Wat in grutte opluchting dat krekt foar tiid Tjitse de winnende goal makke ut in hoekskop fan Luka.  Al mei al in hiele drege pot. Troch in mogelik kampioenskip yn ‘e efterholle en dêrtroch net goed fuotbalje is fansels wol hiel begrypelik. Dêrom is it dan ek best knap dat de jongens troch hurd wurkjen dizze wedstriid noch yn winst omsetten ha. Nye wike moat it dan gebeure tsjin Leovardia út Ljouwert.  We ha dan oan 1 puntsje genoch om kampioen te wurden.                     Nye wike sneontemoarn dus allegeare nei Easterein  om de jongens oan te moedigjen !!!!!                                                                                               Oanfang wedstriid: 8.45 oere.
Theo.

Efkes Balje
Bij it Efkes Baljen is it altyd ôfwachtsjen wa’t komt. De belangstelling is de lêste wiken grut en ek no wiene der 15 man. Dan komt it der op oan om de hesjes goed te ferdielen. It wichtichste punt soene je hast sizze. Want wa is yn foarm, wa hat in freedtemiddeis buorrel hân sûnder buorrel of wa hat te lang op de bus sitten en wa hat in noflike seniorendei hân? En dan moat je ek noch rekken hâlde mei de lytse bern dy’t bijelkoar wolle (Johan en Aant). Nei hast 5 kertier skreppen helle de hesje útdieler djip adem en wie opluchte: wat in gelok, it parkear terrein fol mei auto’s fan follybaljende sporthalsporters is ûntsnapt oan in ramp. In hiele grutte ramp. Want stel no ris dat dy 8 man sûnder hesje net nei de klaaiboksen ta fuotballe hiene, mar nei it parkearterrein. Der wie binne trije kertier in autotsjerkhof ûntstien. No krige de  klaaiboks op de bealch. En net in bytsje ek. De iene nei de oare kâns waard troch 8 sûnder hes heech en hurd oersketten. De muorren kreake der oer en skuorren binne net útsletten. De 7 mei hesje wiene wat tûker, sij wisten dat it doel net sa heech wie. Grutte partij dus in 7-2 oerwinning foar de hesjes7.  En de lytse partij? Pieter sûnder hes (de hiele jûn hast gjin pipernút rekke)  krige in sinterklaas kadootsje en skoarde. Mar it wie de wetter flugge AH te W dy’t efkes ûntsnapt wie oan de oandacht fan in oantal hesloazen en sa stie it samar wer 1-1. En de winnende wie fan in echte winner: Ferrie Korbach.
Doe’t alle hesjes wer ynlevere wiene, de doelen wer te plak set wiene en de ljochten útwiene, wie de konkluuzje dat it in prachtige ôflevering wie fan it Efkes Baljen en dat de preemje foar de autofersekering net troch dizze jûn omheech giet.  
(ah)


SDS-klean te keap op 29 novimber yn de kantine
Sinterklaas is yn it lân en dat bestjut dat je dwaande moatte mei it meitsjen fan in ferlanglistje. Miskien is it tûk om efkes yn de SDS-wepsjop te sjen. Binne jim fan doel SDS klean te keapen, skilje dan efkes nei Douwe Dirk Reitsma(332500), want hy hat wat SDS klean op foarrie. Hjir kin dan efentueel ek past wurde. Sneon 29 novimber sille dizze klean te keap wêze yn de kantine fan 9.30-11.30.

En fansels de nije SDS-sjaal!