Weppers freed 20-4-2018

SDS-League: ‘Balletje balletje’ pakt wykpriis!
19 april 2018
Sneon 21-4-2018
20 april 2018

SDS 1: NOK  1 út mar net (k)nok out……!

SDS wûn noch net sa faak op ien fan de moaist lizzende  sportparken fan Fryslân. De seleksje dy’t dy statistyk trochbrekke wol om 14.30 oere en om 12.30 oere fertrekt út Easterein:
Jaap Toering, Wiebe Heeres, Erik Haitsma, Frank Bervoets, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong,   Lourens van der Pol, Marco Rijpkema, Matthijs Postma,  Remco Hylkema, Wierd Hofstra, Robin van der Weg, Anne Stenekes en Feite de Haan.

In úttinne A seleksje

Begjin maart in komplete en fitte A seleksje. Midden april?
Gerwin op staazje, Ewout blessearre, Bauke skorst, Pieter blessearre, Jacob Klaas siik, Jelmer blessearre en Peter de tomme stikken.

Debút?

Ferline wike makke Wierd Hofstra syn debút yn SDS 1. Moarn soe it samar kinne dat Robin van der Weg syn debút makket yn SDS 1. Dat soe de earste Van der Weg wêze neidat syn omke Klaas ea syn debút yn SDS 1 makke. Wa soe witte yn hokker jier dat wie? Mail it nei info@vv-sds.nl!

SDS 2 tsjin Knickerbockers 4 sûnder knickerbocker oan


Je neame je sels Knickerbocker en je fuotbalje nea yn in knickerbocker. Sa sit it mei de ploech út Grins dy’t sneon om 15.00 fuotballet tsjin SDS 2. Dizze seleksje fan SDS 2 komt om 14.15 oere yn de boks:
Arjen Los, Bote Strikwerda, Dirk de Jong, Hendrik Engbrenghof, Jesse van der Weide, Jort Strikwerda,  Jurjen Los, Lieuwe Vriesema, Jort Strikwerda, Jurjen Los, Marten Faber,  Wiebe Vellenga, Luuk van der Schaar en Pieter Kamstra.
Flagger: Klaas de Haan

SDS 3 nimt it op tsjin YVC 3

Om 15.00 oere op it fluch groeiende griene gers de wedstriid SDS 3 – YVC 3.
De seleksje: Gert-Jan, Anco, Auke, Harm Auke,  Dirk Yde , Harm S, Henk, Jan-Simon, Klaas, Pieter Lieuwe, Robert, Tjeerd, Wichard, Ype en Doede-Douwe.

SDS 4 tsjin swartwyt út it haadplak

SDS 4 mei ek om 15.00 oere yn aksje. Sy spylje út tsjin SnitsWytSwart 2.
De seleksje: Allert, Gerlof-Jan, Igor, Jelle, Johan, Klaas Bouke, Martijn,  Peter, Steffen, Sytse, Tseard en Wouter Jan.

SDS  VR1 hat in streekderby

Om klokslach 1 oere begjint de wedstriid SDS VR 1 tsjin Mulier VR1.
De seleksje: Marjo, Seriette, Richtje, Hester, Lysanne, Gerry-Edou, Sieta, Agnes, Geeske, Kirsten, Alissa, Sanne, Tjitske en Jeska.

SDS VR2

Jûn sil SDS VR2 yn Aldemardum ek wer oantrede. Trije wedstriden tsjin GAVC, NOK en sc Bolsward.

Heal stok

Yn ferbân mei it ferstjêrren fan Jelle Bouma, dy ’t ôfrûne moandei stoar nei sa ’n 25 jier it ûnderhâld dien te hawwen oan de sportfjilden en de sporthal yn Easterein, hingje de flaggen by SDS moarn heal stok.

Poiesz munten


Jûn is it grutte Poiesz munten slotfeest. Dennis en Rinske Vinke gean der út namme fan SDS hinne en sij krije as earsten te hearen wat it muntensammeljen opbrocht hat. Wij binne benijd!

Harsens derby (2014)

SDS 1 hat juster oefene op frije trapen. NOK kin him mar klear meitsje 😉