Moarn giet it wer los mei de kompetysje foar de jeugd. Om 9.00 oere binne it JO11-1 en JO11-3 dy’t tsjinstanners út Ljouwert ûntfange. It is sneon echt in dei foar de jeugd, want JO15-3 en JO 13-3 slúte de dei al ôf mei harren wedstriid om 12.30 oere.
Foar it komplete programma sjoch hjir of fansels bij it eigen team op dizze side.
Fan de senioren fan SDS is der mar ien alvetal aktyf sneon. Om SDS 4 te sjen moatte jim nei Heech. Om 14.30 oere sille sij los at it fjild it talit fansels mei de folgjende seleksje:
Doede S, Jorrit, Stffen, Gertjan, Ruun, Ids, Kn, Ddk, Thomas, Igor, Jelte. Om 13.10 gean se fuort.
SDS 2 oefent op Skylge tsjin AVV. Omdat dêr dochs binne, meitsje se der gelyk mar in ýtsje fan.
Jûn wer in edysje fan it Efkes Baljen. Benijd wat de gemiddelde leeftyd no wer wêze sil……
Der is sneon ynheljen en beker. Wij zie op twa nijsgjirrige kompetysje potsjes: Nijland 1 moat thús tsjin CVVO 1 en Harkema 1 ûntfangt ONS 1.
Foar de beker moat Scharnegoutum helaas hielendal nei VEV’67 yn Leek en stiet Oudehaske 1-WPB 1 (beide yn 3A) op it programma en dy wedstriid einige trije wiken lyn yn 4-4……
Justerjûn moast Ajax oantrede yn de Arena. Helene Hendriks fan Fox Sports wie der fansels ek en sij woe alinne mar op de foto mei dizze kreaze jongemannen