Weppers freed 2-2-2018

SDS troch de jierren hinne
31 januari 2018
Kompetysje-yndielingen SDS-jeugd foarjier
2 februari 2018

Efkes balje

Jûn op it fertroude stikje keunstgers is der wer in edysje fan it Efkes Baljen.  De kâns op in ferslach is net sa grut want de fêste skriuwer hat in feessie.

SDS 1 – Oeverzwaluwen 1

Yn Easterein de striid fan de nûmer 10 tsjin de nûmer 9.  De Koudumers hawwe lykwols ien wedstriid minder spile. De earste wedstriid fan it seizoen wie Oeverzwaluwen  1- SDS 1 en dy einige yn 2-2. De wedstriid begjint om 14.30 oere. Wij tinke dat in oerwinning foar SDS net ferkeard wêze soe foar de stân yn 3A

De seleksje: Arjen, Bauke, Erik, Ewout, Frank, Gertjan, Gerwin, Habtamu, Jaap, Jacob Klaas, Jelmer, Lourens, Matthijs, Pieter, Peter, Remco, Wiebe.

Wedstrydstipers

De wedstrydstipers foar moarn binne Wheagan Multicarservice en TMB De Jong út Wommels.

Afbeeldingsresultaat voor wheagan Afbeeldingsresultaat voor tmb de jong

SDS 2 – Heeg 2 (oefent net)

Bij it fallen fan de jûn soe SDS 2 oefenje tsjin Heeg 2.  It hie sa moaie wêze kinnen: in ljochtwedstriid om 17.00 oere. It giet net troch.

Makkum 4 – SDS 3

SDS 3 sil ek wer los nei in intensyf oefenprogramma yn de winterstop. De seleksje  dy’t jim om 11.25 útwuive kinne, spilet om 12.30 yn in altyd winerige en kâlde Makkum. Dizze mannen binne net fan sûker en/of sâlt: Ype, Harm Auke, Klaas, Christiaan, Gerlof Jan, Harm, Henk. Ids, Jeroen, Pieter, Pieter Lieuwe, Tjeerd, Wichard, Peter Stuiver en Hans

SDS 4 – Mulier 3

Wij hope sa dat de wedstriid fan kompetysje SDS 4 tsjin Mulier 3 gewoan trochgiet. De jonges fan SDS 4 wurde dit jier tige teistere troch in “nettrochgeanfirus”. De seleksje:

SVM VR1 – SDS VR 1 (beker)

At je dan hielendal nei de polder moatte dan wolle je ek graach winne. Dat is it útgongspunt foar sneon at de VR1 it opnimme yn Marknesse tsjin SVM VR1. De seleksje:

Marjo, Tjitske, Seriete, Richtje, Kirsten, Sanne, Lysanne, Gerry-Edou, Hester, Sieta, Agnes, Geeske, Janieke en Alissa.

Flagger is Bertus.

 

Letter mear!