Weppers freed 19-11

SDS League: Dooitze pakt wykpriis!
18 november 2010
Seleksjes sneon 20-11
19 november 2010

Tip
Dit is in berjocht foar dyjinge dy’t net alhiel nei ‘omendeby Dokkum’ kinne en al hielendal net yn de tún as nei de stêd wolle;
14.30 stiet de wedstryd SDS3 – NOK 2 op it programma.
De mannen fan it tredde binne dizze kompetysje goed op dreef en dogge mei om de boppenste plakken en om dat sa te hâlden sil der moarn wûn wurde moatte. Bynammen om’t yn de kommende wiken de konfrontaasje oangien wurde moat mei de direkte konkurinsje.
Dus; NET STINNE, DER HINNE.

SDS 3 
SDS 3 hat ferline wike ek fuotballe. It ferslach is wat letter as oars. Postdowen dy’t stake wierskynlik. Net tsjinsteande it lette tiidstip jim kinne it hjir ûnder lêze.
# Wedstryd: SDS3 – YVC 2
# Datum: 13 novimber
# Utslach: 3 – 1 (Pieter, Dennis, Christiaan, Jentsje)
# Taskôgers: de trouwe honden
# Ferslach: Tsjin de grutte keallen fan Drylts is it meastentiids dreech baljen, soad fysyk geweld. Dat koe dizze kear aardich omspile wurde troch bytiden technysk goed fuotbal. Eins is de oerwinning nea yn gefaar west, as it moat west wêze doe’t us Jentsje de bal ûnhâldber yn eigen goal kopte.
# Wat foel op: Hendrik E. is einliks LOS. Dennis is yn de foarm fan syn libben, Christiaan skoort alwer in moaie goal.
# Man fan de wedstriid: Jentsje, spile oan de side fan Remco in bêste pot en makket (om it spannend te hâlden) ek noch in prachtig
e-d-tje.
# Dit gong better as foarriche wike: de bal yn it fjild hâlde.
# Slachsin foar nije wike:
Men moat net alle bûter op ien stik brea smarre.

Klaverjasse
De priiswinners fan it klaverjassen binne:
1ste Harm Bergsma mei 5480 pnt.
2de Enne Johannes Bruinsma mei 5401 pnt.
3de Uiltje Bouma mei 4956 pnt.
4de Boukje Bruinsma mei 4757 pnt.
 
Dit wie de lêste kear dit jier. Folgend jier begjinne we wer, wannear dat is kinne jim lêze yn de Treffer en op de webside.
Sjoch ek op de webside wannear it foutbaljen net trochgjit, want dan kinne we ek wol kaarte.  
Út namme fan de wedstriidkommissie, 
Anny

Derby
Moarn om 12.30 stiet de kraker op it programma tusken SDS Da1 en SDS Da2. De froulju fan SDS 1 hawwe dit kear it thúsfoardiel.

Kampioen?
Foar SDS E3 giet it der moarn om. Sels hawwe se ien kear gelyk spile en de rest wûn. Sij moatte de lêste wedstriid tsjin sc Joure E5 en dy hawwe noch net in punt ferlern en in better doelsaldo. Dêrom is der mar ien opdracht: winne op ‘e Jouwer. Wij winskje Kent, Sietze Marten, Wessel, Sander, Falco, Steven, Sjoerd, Remco en Lars in soad sukses
.

Harsens derby (336)
Wy binne ek net sa wei fan Cristiano Ronaldo en hienen der ek alles oan dien om dizze bal binnen te koppen. Dochs hie it oars al in ferskriklijke moaie goal west:



Letter mear!