Weppers freed 18-3

Seleksjes sneon 19-3
17 maart 2016
Utslagen sneon 19-3
18 maart 2016

Efkes Balje
Jûn om 19.30 oere is der wer in edysje.

SDS 4 frij wykein
CVO 2 hat te min spilers, sadat de wedstriid fan sneon tsjin SDS 4 niet troch giet.

Programma
Hjir kinne jim it programma fan moarn sjen. SDS 1 mei út nei Makkum en SDS 2 en 3 spylje thús om 14.30. De A’s meie al om 9.00 oere los yn Dronryp. SDS Vr.1 is frij.

Assistent skiedsrjochter
Moai dat dy posysjes ek dit jier wer goed beset binne bij de senioren en A’s. Bij it earste binne it Jan Bouke, Sjoerd en Enne dy’t elkoar wat ôfwikselje, sûnt al moai wat jierren stekt Klaas de Haan de flagge bij SDS 2 op tiid omheech, bij SDS 3 sjogge wij meast Daan en at dy in wykein der mei de frou op út is dan pakt Geert dy flagge op. Bij de A’s wit Boukje net better as dat Klaas flagget bij de A’s. Hulde…

LC
Hjoed sjocht Okke van der Kamp yn de Ljouwerter Krante út nei de kraker fan moarn; Makkum 1 – SDS 1. Alderaardichst fansels, mar hy dit der neist!
SDS giet winnen!

 

DA-Fizelaksje
Ynkoarten kinne jim by de DA-Fizel yn Wommels sparje foar prachtige SDS-platen. Yn de kommende Treffer kinne jim der mear oer lêze. Moarn komt de B1 dêr foar op de foto. De mannen kinne hjoed dan moai noch efkes nei de kapper. Al hoecht dat om ús net.

Poeisz-aksje
SDS is dit jier útlotten foar de Poeisz-aksje, mar KF Easterein docht al mei. Yn de kantine stiet in grutte pot wêr ’t jim de Poeisz-munten yn dwaan kinne.


ING-aksje
Wolle je ek graach ballenjongen of -famke wurde by it Nederlans alvetal dan kinne je je hjir ynskriuwe!

Harsens derby (1687)
Op sa ’n grutte goal kinne wy ek wol sa skore fansels………


Letter miskien mear!