Weppers freed 17-3

SDS-League: ‘Ben jij een Pröpper of een Vouwer?’
16 maart 2017
Sneon 18-3
17 maart 2017

SDS 1 nei QVC 1

Sneon om 14.30 yn Starum de wedstriid SDS 1- QVC 1.  Twa middenmores yn 3A. De Quick Valk Combinatie spilers hawwe 24 punten en Sterk Door Samenspel hat er 27. De folgjende spilers sille it sneon dwaan:
Erik, Jacob Klaas, Teun, Remco, Hendrik, Tsjipke, Lourens,Jelmer, Marco, Jaap, Elger, Feite, Ewout en Peter Hoogerwerf.

Debút?

B-junior Peter Hoogerwerf sil moarn mei SDS 1 mei. Earst mei hy mei SDS JO-17-1 sjen te winnen tsjin vv Heerenveen JO17-2 en dan op nei Starum. Tiisdei hat Peter ek al meitraind mei SDS 1 en dat foldie him skjin.

QVC 2 net nei SDS 2

Om 15.00 oere soe der in thúswedstriid fan SDS 2 tsjin QVC 2 wêze. SDS 2 stiet boppe-oan mei 35 punten en QVC is 6de mei 17 punten. De seleksje seach der sa út:
Dirk Yde, Hendrik, Marten, Gerrit, Martijn, Dirk, Pieter, Stefan, Jurjen, Anne, Bote, Jort, Allert en Tjeerd.

Mar…….QVC 2 hat te min spilers dus giet it net troch……..

SDS 3

SDS 3 spilet sneon ek thús om 14.30 oere. De seleksje sjocht der sa út: Jentsje,  Pieter de V, Willem, Harm Auke, Anco, Auke, Jan Simon, Henk, Peter, Robert, Pieter Lieuwe, Klaas en Ids de B.

SDS 4

SDS 4 mocht moarn om 12.30 oere tsjin Makkum 4. Spitich genôch hat SDS 4 te min spilers om te fuotbaljen. No ’t SDS 2 net hoeft te fuotbaljen soe der om 15.00 oere fuotballe wurde kinne. Spitich genôch hat SDS 4 dan noch altiten te min.

Supersneon


Yn Ingelân hawwe se it al frij gau oer in “super sunday” at topploegen tsjin elkoar moatte. De 4de klasse A op sneon kent no ek de super sneon. Sneon 18 maart moatte de nûmers 1 oant en mei 6 tsjinelkoar. Dat is pas super ( foaral at je winne Remco). TOP tsjin Delfstrahuizen, Scharnegoutum tsjin Nagele en Makkum tsjin VHK.

Harsens derby (1852)

Au…….