SDS-League: ‘Ben jij een Pröpper of een Vouwer?’

Weppers tongersdei 16-3
16 maart 2017
Weppers freed 17-3
17 maart 2017
foto van Jesse van der Weide.

Sykje de ‘Pröpper en de vouwer!’

Nei Warkum en Beringe falt no de priis yn Rien en Nij Seelân……….. It binne namelijk Jesse van der Weide en Sjoerd de Vries dy ’t mei ‘Ben jij een Pröpper of een Vouwer?’ de wykpriis pakke. Sy bliuwe ‘Eendracht maakt macht’ fan Gert-Jan Hiemstra krekt 2 puntsjes foar.

Lykas ferline wike liket it der op dat der ien spiler it ferskil makket yn de SDS-League. Ferline wike wie it Hector Moreno fan PSV en no wie it Jörgensen fan Feyenoord dy ’t mar leafst 16 punten pakte tsjinoer de wyks der foar hielendal neat……………..

Sjoerd van Beem pakt mei ‘Frysk Bloed Tsjoch op’ de kopposysje wer yn de SDS-League. Mei Jelmer Posthumus mei ‘Postmeister’ op 3 punten efterstân binne wy benijd hoe lang hy dit folhâld.

Wêr ’t alle oare ploegen tige wikselfallich bliuwe dêr bliuwe ‘Jimbar’ en ‘DTD’ fan Anne Brouwer en Dooitze Nauta aardich konstant. Sy sakje in plakje, mar yn punten bliuwe sy lyk as ferline wike gewoan dield 10e stean.

‘Maccabi Marco’ (Rijpkema) stiet noch altiten stiif lêst, mar hat der in nije konkurrint by krigen. Pieter ‘Hakim Sytsma’ hat in kloatewykein efter de rêch. In giele kaart, blesseard, net op stap en no ek noch hast gjin punten yn de SDS-League. Hooplik makke de goal tsjin WPB noch wat goed.

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2016-2017 twadde helte wike 5