Ek wy hawwe fan ‘e wike de útstjoering fan Zembla sjoen oer it keunstgers. Foarearst bliuwe wy by it standpunt fan it RIVM (sjoch hjir). Wy ferwachtsje dat sy ynkoarten mei in nij standpunt komme. Sa lang bliuwt de jeugd noch altiten hegút ien kear yn de wike op keunstgers trainen en spylje sy pas fanôf de JO-13 harren thúswedstriden op keunstgers. Mochten je hjir problemen mei hawwe lit it ús dan witte.
It fuotbal foar sneon bij SDS liket aardich lêst te hawwen fan de foarjiersfakânsje en de dêrbij hearende wintersport. Wedstriden fan SDS 3, SDS Vr1 en SDS JO17-2 lizze út, mooglik as gefolch fan it boppesteande
Ut de lêste trije wedstriden nei de winterstop hat SDS 7 punten helle. It soe moai wêze at er ek wat te heljen is yn Easterwâlde en it 10 út 4 wurde kin. SDS 1 giet mei de folgjende seleksje op wei nei de Griffioen:
Bauke, Erik, Jacob, Teun, Wiebe, Remco, Hendrik, Marco, Jaap, Pieter, Elger, Ewout, Feite en Dirk
Koprinner SDS 2 treedt thús oan tsjin de nû ien nei lêst Overzwaluwen 2. TRainer-koach Boudewijn en lieder Jeroen sille it mei dizze seleksje dwaan moatte:
Dirk Yde, Ayanle, Hendrik, Marten, Gerrit, Wietse, Martijn, Pieter, Stefan, Jurjen, Jort, Tjeerd, Ralph, Jesse en Anne.
Foar SDS 4 sit de winterstop der ek op. Sij begjinne de twadde helte fan de kompetysje yn Skearnegoutum. It pleatselike tredde alvetal sil om 14.30 klear stean om de striid oan te gean. De seleksje sjocht er sa út: Arjan, Eeltje, Rick D, Remon, Doede S, Kb, Rickkie, Ddk, Gertjan, Ruun, Ids, Martijn en Igor.
De fammen fan MO 15-1d stride yn Wolvegea om de folgjende ronde yn it bekertoernooi te heljen.
Der wurdt sneontemoarn ek noch efkes oefene tusken SDS JO 13-2 en JO 13-3. It begjint 10.00 oere.
Der wurdt jûn om 19.30 wer Efkes Balle.
At jim graach witte wolle hoe’t it no krekt sit mei de Ranking foar Europees fuotbal, dan is dit wol in aardich ferhaal.
Ho……..