Weppers freed 17-12-2021

Weppers tongersdei 16-12-2021
16 december 2021
Sneon 18-12-2021
17 december 2021

Sûnder publyk

Ek sneon 18 desimber 2021 sil de boeken yn gean as in fuotbaldei sûnder publyk.  Wy bliuwe sitten mei allegear rigels dy’t ferbiede dat der publyk efter it stek stiet nei it fuotbal te sjen. De Bunnikside bliuwt dus op ‘e nij leech.

Kantine

Wylst wy as feriening net ien bûten slúte wolle binne ek wy ferplichte om te kontroleren op de QR-koade yn de kantine……. De kantine is allinnich iepen foar fuotballers en frijwilligers mei in funksje.

SDS 1 oefent

Om 14.45 oefent SDS 1 yn Easterein tsjin Broekster Boys JO19-1.

SDS 4 hellet yn

De spilers fan Waterpoort Boys 6 binne de gasten fan SDS 4. Om 13.45 giet it los. Beide ploegen hawwe 3 punten dus kinne se beide wol 3 punten brûke. Wij rekkenje op SDS 4.
Dizze seleksje wurdt om 13.15 oere yn de boks ferwachte: Jeffrey, Micheal, Leon, Jorrit(1e helte), Arjan, Aiso, Mark, Kevin, Wessel, Lieuwe, Willem en Hendrik.
Flagger: Gerben.

SDS 5 hellet yn

Om 12.30 spilet SDS 5 de ynhelwedstriid tsjin SSS’68 3 út Marssum.
De seleksje: Dirk, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Gert-Jan, Harm S, Henk, Jan-Simon, Jentsje, Kerst, Klaas, Peter, Robert en Robin.
Daan flagget.

Utsteld…..

Yn de A-kategory wurdt noch altiten net fuotbald. It programma soe wêze dat SDS 1 op sneon 22 jannewaris foar it earst wer kompetysjebalje mei. Sy soenen dan ynhelje tsjin Makkum. De KNVB hat dit alwer útsteld. It doel is no om op sneon 29 jannewaris foar it earst yn te heljen. Wy binne benijd.

Harsens derby (2336)

Sorry…………….. ferkearde………