Sneon 18-12-2021

Weppers freed 17-12-2021
17 december 2021
Weppers tiisdei 21-12-2021
21 december 2021

Hawwe jim in ferslach, in (alvetal)foto of oars wat aardichs mail it nei aant@vv-sds.nl of willem@vv-sds.nl!
Appe nei Aant mei ek 0655117582

10:00 ST SDS/Nijland JO15-1 – St.Annaparochie JO15-2 9-3
12:30 SDS 5 – SSS’68 3 3-3
13:45 SDS 4 – Waterpoort Boys 6 1-2
14:45 Oefen: SDS 1 – SJO Broekster Wâlden JO19 4-1
09:00 Akkrum JO15-2 – ST SDS/Nijland JO15-2JM 4-5
11:45 Blauw Wit ’34 JO19-2 – ST SDS Nijland JO19-1 12-2

SDS 1 oefent tsjin SJO Broekster-Wâlden JO19-1

De lêste oefenwedstriid fan SDS 1 fan 2021 einigt yn in 4-1 oerwinning.
De 1-0 foel yn de earste helte troch in ferrassende strafskop.

Wiebe Heeres liet sjen hoe’t je sa’n kâns benutte.
Nei it skoft rûn SDS 1 út nei 3-0, it waard noch 3-1 mar de einstân waard úteinlik 4-1.
Doelpuntenmakkers SDS : Wiebe Heeres, Wierd Hofstra, Lourens van der Pol en Wesley van der Wint

SDS 4 – WPB 6   1-2

Rêststân 1-1. Wessel Schraa skoarde.
De wedstriid duorre krekt efkes te lang.
In gelykspul hie der wol ynsitten.
Ek mei Mark Klijnsma yn de spits waard der net skoard troch SDS 4.
Einstân 1-2

SDS 5 – SSS ’68 3

SDS 5 wie der yn de earste helte net bij.
Se waarden fuortspile en de 0-3 rêststân wie net flatearre.
Taktysk efkes oars delsetten yn it skoft en doe koe de ynhelrees begjinne.
It waard 3-3 troch Dirk Yde Sjaarda en twa kear Robert Sijbesma.
Yn it lêst koe it alle kanten út mar it bleau in gelykspul