Weppers tongersdei 16-12-2021

SDS-League: In âld-Lollumer pakt de wykpriis!
15 december 2021
Weppers freed 17-12-2021
17 december 2021

Ofskie

Om’t de ledengearkomst net trochgie hat it bestjoer fan SDS juster op de bestjoersgearkomst offisjeel ôfskie nommen fan Tjerk van der Pol as jeugdfoarsitter. Hy krige út hannen fan de foarsitter in wolferstsjinne SDS-klompke. Tige by tige foar alles!
It SDS-bestjoer hat noch net in nije jeugdfoarsitter fine kinnen. Wol is der in nije jeugdkommisje dy ’t it measte fan Tjerk syn jeugdfoarsittertaken oernimme sil.

Lokkich genôch giet Tjerk al troch mei syn liederskip by de Minileague.

Oefenje

SDS 1 sil kommende sneon foar it lêst yn 2021oefenje. Sy dogge dit thús om 14.45 oere thús tsjin Broekster Boys JO19. Sûnder publyk……

Aldjiersbaljen

Op Aldjiersdei kin der yn de sporthal wer sealfuotballe wurde. Foar SDS’ers is der romte tusken 14.00 en 15.00 oere.

Grutte klupaksje

De Grutte Klupaksje hat ek dit jier wer in moai bedrach yn it laatsje fan SDS brocht.

Tige by tige hjir foar!

In priis by de Grutte Klupaksje?

Der bin leden fan SDS mei in priis yn de Grutte Klupaksje. Jim kinne it hjir neisjen. Sa as wy it tsjekt hawwe giet it om prizen lykas kadobonnen (boekencheques as Greetz-tegoed). Wy binne benijd wa as der wat wûn hat!

Ald-SDS’ers

SDS 5 fuotballe sneon tsjin Leeuwarder Zwaluwen 8 en seagen noch in pear âld-SDS’ers by de Ljouwerters fuotbaljen. Sawol Kristiaan Gaastra, Remon Rameau as Ayanle Barkat spilen yn it ferline by SDS en no yn de klupkleuren fan de Sweltsjes.

SDS-freoneboerd

Ynmiddels steane der al 100 Freonen fan SDS op it ‘Freoneboerd’.

SDS Look-a-likes

Foar de nije Treffer binne wy ek wer op syk nei nije SDS-look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl en miskien komt der dan yn de folgende Treffer!

Harsens derby (2335)

Knappe goal!

Letter miskien wol mear!