Weppers freed 16-9-2022

SDS-League: ‘FC Op nei de Top’ lyk te plak!
15 september 2022
Sneon 17-9-2022
16 september 2022

Beker: Wykels-Hallum 1 – SDS 1

SDS 1 bekert moarn út tsjin Wykels-Hallum 1. Ferline wike waard de oefenwedstriid tsjin Wykels-Hallum 1 noch mei 6-1 wûn, mar dat seit noch neat oer dizze wedstriid. By in lykspul is SDS troch nei de folgende ronde.
It wurdt sawisa in feestlijk barren yn Hallum, want dêr wurdt de nije kantine iepene en is der muzyk nei de wedstriid.
Dizze seleksje mei it moarn dwaan:
Mark, Jaap, Tjitse, Hendrik, Anco, Wierd, Stan, Lourens, Kevin, Frank, Habtamu, Douwe-Jan, Gerbrand, Jelte-Pieter, Matthijs en Luuk

Beker: sc Stiens 2 – SDS 2

SDS 2 bekert moarn út tsjin sc Stiens 2. Dat wurdt in drege pot, want SDS 2 ferlear foarich seizoen noch 2 kear fan de Stiensers. Sjen wat it moarn wurdt.
Dit is de seleksje foar moarn:
1. Lieuwe
2. Jeffrey
3. Sietze
4. Robin
5. Bauke
6. Eeltsje
7. Arjen
8. Jurjen
9. Wessel
10. Bote
11. Tim
12. Tom
13. Jesse
14. Hendrik Engbrenghof
15. Wesley

Programma

Moarntemiddei is der gjin fuotbaljen yn Easterein, mar moarntemoarn is it programma des te nijsgjirriger. Sawol SDS JO17-1 as SDS JO19-1 spylje om 11.15 oere thús.

Ticht

Moarntemddei is der gjin fuotbaljen yn Easterein en sil de kantine ticht wêze. Moarns is hy fansels al iepen.

Lokwinske!

De trainer-koach fan SDS 2, Samir Tawafra, wie juster jierdei. Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2089)

Somtiden wol de bal der net yn…….