Sneon 17-9-2022

Weppers freed 16-9-2022
16 september 2022
Weppers moandei 19-9-2022
19 september 2022

At je hjoed fuotbal sjen wolle yn Easterein kom dan moarns. Middeis is der neat.

SDS 1 en SDS 2 spylje bekerwedstriden. Foar SDS 1 lizze der noch kânsen om troch te gean. Net ferlieze tsjin Wykels Hallum is genôch. SDS 2 is it in kwesty fan at dit en at dat……

Wij binne no al wer sljocht op alvetalfoto’s. Stel it net út oan de hjerstkleuren der binne of de earste snieflokken falle, mar doch ik no. Mei alle foto’s dy’t wij hawwe fan it jubileumboek kinne wij de teams wer moai yn byld bringe.

Foto’s kinne nei aant@vv-sds.nl of appe nei 0655117582

09:30 ST SDS/Nijland JO15-1 – SC Bolsward JO15-1 0-6
09:30 SDS JO11-1 – Mulier JO11-1 2-5
09:30 SDS JO9-1 – Leeuwarder Zwaluwen JO9-1
10:30 SDS JO10-2 – vv Sneek Wit Zwart JO10-3
11:15 SDS JO19-1 – vv Sneek Wit Zwart JO19-2 7-2
11:15 ST SDS/Nijland JO17-1 – Zeerobben JO17-3 5-0
09:00 Scharnegoutum’70 JO13-1 – ST SDS/Nijland JO13-1 10-1
09:00 Oosterlittens JO12-1 – SDS JO12-1 2-6
09:00 Oosterlittens MO10-1 – SDS JO10-1 0-32
09:00 SJO AVC/Tzummarum JO9-1JM – SDS JO9-2
09:00 Mulier JO8-1JM – SDS JO8-1
10:15 Tzum JO8-1 – SDS JO8-2 0-12
10:30 ONS Sneek JO17-3 – ST SDS/Nijland JO17-2 g.n.t.
12:30 S.C. Stiens 2 – SDS 2 3-0
14:30 Wykels Hallum 1 – SDS 1 5-2

SDS 1 út de beker nei ferlies by Wykels-Hallum 1

It wie drok by Wykels-Hallum 1 – SDS 1 y.f.m. de nij te iepenjen kantine yn Hallum. Sy seagen in fermakelijke wedstriid wêrby SDS it earste heal oere goed spile. Dochs krigen sy it heft op de noas nei in prachtige drûge knal fanôf in meter as 20 wêr ’t keeper Mark Klijnsma allinnich mar nei sjen koe waard it 1-0 foar de Hallumers. SDS gie lyk op syk nei de lykmakker en dit slagge binnen de minút wêrby Habtamu de Hoop skoorde nei in prachtige kombinaasje foaryn. SDS sakke hjirnei efkes wat fuort en Wykels-Hallum profitearde hjir krekt foar de rêst fan mei de 2-1. Yn de rêst waard alles goed besprutsen en it doel wie om nei de rêst alles op alles te setten om te winnen. Dit slagge net hielendal…….
Jaap Toering mocht de twadde helte keepe nei op fakansje west te wêzen, mar doe ’t Mark Klijnsma klear wie mei brûzen en oan de earste beste frege hoe ’t it stie koe hy wol efteroer falle. Wykels-Hallum sette nei de rêst flink oan en foardat SDS wekker wie stie it al mei 5-1 efter. Habtamu de Hoop makke úteinlik noch de 5-2, mar dit wie allinnich noch foar de statistiken. SDS leit út de beker en kin him opmeitsje foar de earste kompetysjewedstriid sneon thús de derby tsjin Scharnegoutum.

SDS 2 ferliest by sc Stiens en leit út de beker

SDS 2 hat juster mei 3-0 ferlern fan sc Stiens 2. Lykas as foarich seizoen slagge SDS 2 net om fan de Stiensers te winnen.